is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fül as woed er hja dwerslroch sjên. Op 't lést hied er sein: „Frij

kinne jy fensels wol krije, dêrom net. Mar Nou hawar, jy moatte

it seis ek witte. It is myn eigen skild!"

En hy hie him omkeard, krekt eft der hwet yn him omgyng,det er for hjar net wêze woe.

Do wier hja ta de keamer ut gien, en sünt hie se hieltyd tinke moatten oer det léste wird-mennich. Hwet hied er dêr mei miend? Hwet wier syn eigen skild?

Dêr siet hja nou ek wer oer to mimerjen. Hwet die se hjir einliks yn dy drokte; hwerom wier se mar net ljeaver thüsbleaun? Wille hie se ommers döchs net! Scoe de boer ek thusbleaun wêze?

Hy wier yette net forklaeid, do't hja foartgyngen Gotskes!

dêr wier er krekt!

Jurjen krige einlings en to'n lésten hwet er bistelde, en kearde him foarsichtich om, yn 'e iene han in bittertsje, yn 'e oare in romerfol frouljuesdrank. Hommels bleau er stean. Hwer wier Antsje? Hjar plak wier leech.

Siikjend liet er syn eagen oer it folk gean.

Dêr slacht de wearljacht foar syn foetten yn 'e groun

del? Sjucht er in spook, ef kriget er in skok troch syn hiele lea? Hy poezzet de helte üt 'e romers wei, en as er se delset op 't taffeltsje flak njunken him, is 't krekt eft er blyn is, en it op 'e taest fine moat, sa wif giet it.

Mar né, nou't er him wer oerein jowt, is syn troanje wol wyt bilitsen, mar hy knarst op 'e tosken, syn eagen dêr spat it fjür ut, en hy rollet de fusten op, krekt as wol er immen to liif.

Hwent dêrre, dêr foar him, dêr dounset Antsje hinne, mei

mei de boer! O!

Tsjalke Teades wier ta de doar ynkomd en rjuchtüt op it taffeltsje tastapt, dêr't er syn hüsfrousfaem by sitten seach.

„Lit üs ris togearre dounsje, Antsje!" hied er sein, en hy hie hjar by de han krige, krektlyk as spriek it fensels, det hja net wegere.

En Antsje?

Nou, hja wier oerein gien, en mei him. Hja koe net oars.