Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

34

Mei in heechreade kaem gyng hja oan syn earm de rigen jongfolk foarby, nei 't plak, dêr't de spylljue sieten.

„In skotse wals!" sei Tsjalke, en meiiens smiet de „gjirremyt" de aldste in goune ta. Do krige er hjar beet.... en dêr gyng it hinne! Hwet hied er syn earm fêst om hjar mil, as scoed er hjar nea wer loslitte! Hwet seach er hjar oan, krekt as jister, en döchs ek wer oars: nou laei der in frage yn syn eagen.... En hja wist ek wol hoffer....

ja, hja wist it wol ef dreamde se ? Né, né! hja dounse ; hja dounse

mei him, mei de boer.... en elkenien seach it.... Hjar herte geide syn lok en syn wille ut op 'e mjitte fen 't dounswyske.

Nou holden de spylljue op, folie gauwer as oars... fiersto gau

Foartynienen brocht de jonge boer syn faem wer nei hjar plak ta.

„Sjêsa Antsje, sei er bidaerd, do't se siet, „ik wier hjir komd, om efkes mei jo to dounsjen. Nou't ik myn sin hawn ha, gean 'k

wer nei hüs " en foart gyng er, ta de jachtweide üt, sünder nei

Jurjen om to sjên. Dy stie net fier óf, en stiek krekt in romerfol barndewyn yn ien swolch leech.

VII.

Antsje moast earst hwet bikomme, foar't se hjar rekkenskip jaen koe hwet der nou einliks bard wier. It wier allegeare sa staf-en-af

gien; hja wier der suver yn wei.

Om Jurjen hie hja nin amerij tocht, wyls't se mei de boer dounse. Nou't se ta hjarsels kaem, kaem er hjar yn 't sin.

In eang gefoel forkrong de blidens dy't yn hjar herte wier. Hwet scoed er sizze? O! wier hja döchs mar thüs! It barnde hjar sa yn; hja waerd bang, bang fen al det laitsjen en gobjen om hjar hinne, bang fen 'e nijsgierrige eagen dy't hjar, det fielde se skoan, üt elk kloftke feinten en fammen wei oanseagen, bang fen hjar eigen oer-

stjürens, bang fen Jurjen

Dêr kaem er op hjar ta. Hja bisoude, sa ynwyt as syn troanje wier. Hja die writen, om de earste to wêzen, dy't hwet sei, mar hja koe der nin wird üt krije, krekt as wier de tonge hjar^ lam wirden.

„Kom mei," sei Jurjen koart; „ik wol hjir net mear wêze. Nei hüs!"

Sluiten