is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ja, nei hüs ta, det woe hja ek; lykwol üngelikense folie ljeaver allinne, as mei Jurjen.

Mar hwet scoe se? Hja hie nin kar; as in lamke gyng se him efternei. Willich en sünder tsjinakseljen mei to gean, en der hjar neat fen skine to litten ho't it hjar moeide det se mei him to merke gien wier, wier ek al fierwei it béste, tocht hjar, om him bidaerd to halden. Syn lilkens scoe wol wer hwet oergean, as er fornaem, det it der hjar net om to dwaen west hie, om him min to bihanneljen.

Swijend roannen hja nêstinoar troch de bürren. It wier moai ljachtmoanne waer; forskate pearkes dy't it krekt ljachternöch wier om elkoarren yn 'e eagen to sjên, en it paed nei elkoarrens herte to finen, en krekt tsjusterdernöch om hjar net to biskamjen om it to bate nimmen fen it alde middeltsje om mei de mule fen ljeafde to praten sünder in wird to sizzen, — in ding det üs Ljeaven Heare yn in goede rite de minsken utfine liet, en det sünttiid yn 'e moade bleaun is, — forskate frijende pearkes den, kamen hjarren tomiette. Det joech Antsje moed; sa lang as der yette folk wier, de dyk üt, sa lang scoe Jurjen him wol ynbine. Hy scoe dochs sa wiis wol wêze, en forwyt hjar neat dêr't de minsken by wieme! Mar de reed del nei de pleats, det waerd minder. Dy wier sahwet tsjien minuten geans, en dêr roan nin ien dy't neat op Müntsepölle to meitsjen hie. O, wier hja dy mar lans! Hwa wist ho't er him tjirgje scoe, as hja strak togearre yn 't lan wieme! De grize gyng hjar oer 'e grauwe, do't se njunkelytsen om 'e dykshikke hinne gyngen.

Wier Antsje den skurf, det se sa yn 't gat bibiten wier?

Né, — en ek al. Hja doarst mei de han op 't herte sizze, det it niis allegearre sünder kwea bitinken gien wier. Tsjalke Teades wier hjar oer 't mêd komd; hja hie net oars kinnen, al hie se oars wollen.

Mar hie se oars wollen? Mei dy frage pleage se hjar earlik herte,

det hieltyd weroan né sei, — en det wier hjar skurvens, as men 't sa neame wol. Hja forwiet hjarsels ek, det se Jurjen de finger jown hie, nou't se him de hiele han wegerje moast. En ho't er op dit stuit gesteld wêze moast, koe se neigean oan 'e wirden dy't er tsjin hjar sein hie dy jouns do't se 't oannaem om mei him. Hy hie syn