is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

sinnen op hjar set, det hie se klear en düdlik mirken. Och, hie se do foart mar de krêft hawn, om him rounüt to sizzen, det der neat fen komme koe! Nou scoe 't oer en wer mei hirde wirden gean moatte, hie se soarch....

En 't kaem sa't se tocht hie. Hie Jurjen him ont nou ta stilhalde moatten for 't folk, det der op 'en baen wier, ta bidarjen wier er net komd. Al dy ljue dy't der op 'e dyk hinne en wer kuijeren, krigen hjar part fen 't lok; hja mochten der den koart ef lang wille fen ha, hja krigen it döchs. Mar hy krige neat, neat! Nou jouns hied er einlings hwet er habbe woe, miende er; hja wier mei him gien, en hy hie, louter fen blidens, net witten hwet er dwaen ef litte scoe om it hjar nei 't sin to meitsjen. Mar do wier it staf-en-af wer komd, syn ünk, as in tongerslach üt in kleare loft, en 't lok dêr't er sa ticht oan ta wier, forstau as de wite plüskes fen in ütbloeide hyngsteblom. Hy wist, hwet der bard wier, en hwet der yet barre scoe, — moast. Niiskrektsa hie Tsjalke Teades it bitinge hwer't er moarn nei freegje scoe as syn eigendom. Moarn, moarn al! wier 't for altyd ut

Yn-grimmitich rölle er de fusten op.

Né, né! hy scoe hjar net ha, dy divel! Strakjes, op 'e romte, scoed er hjar twinge om nei him to harkjen! Alles scoed er hjar sizze: ho lang eft er al omroan hie as in siik houn, mei hope en freze yn 't herte; ho'n langstme eft er hie nei 't lok det hja allinne him jaen koe, — ja, det er net langer sünder hjar libje koe, scoed er sizze. En

hy scoe hjar sin foroarje, hy scoe 't winne, hwent oars O! hy

wier ta alles yn steat!

Hja wierne in pear hündert trêd it lan yn, do't er yn ienen steanbleau.

Antsje woe trochrinne, mar hy pakte hjar forheftich by de earm beet, en bigoan: „Né, hou! ik ha dy hwet to sizzen! Der moat nou klearrichheit komme twisken my en dy, fanke! It kin sa net mear; moarn siz ik de tsjinst op, en dou moast it ek dwaen. Ont Alderhiljen ta scitte wol in hinnekommen fine kinne, en den trouwe wy. Ik ha genöch oergarre!"

Det wier lang alles net hwet er sizze woe, mar syn bloed wier