is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

yn ünstjür brocht; it liet him nin tiid ta neitinken. Nou't er dêr foar hjar stie, kamen yn 'e hjitte hei allinne dizze wirden der hird en stjitterich ut, en it hiele forhael fen syn leed en lijen bleau bynefter.

Antsje waerd geandewei banger, mar hja bigriep teffens, det se it hjar net skine litte mocht, woe se fen him öf komme. Ja, der moast klearrichheit twisken hjarren wêze, nou forgoed! Hja hie dochs op 't lést rjucht op hjarsels.

„Hald jou hannen thus!" sei se, wyls't se hjar Iosskoerde, en fierder gyng. „Jy lykje wol net wiis. Om to trouwen hearre der twa minsken to wêzen, dy't it togearre iens binne, en det binne wy hyn efte nei net. Ik ha mei jo to merke west, om't ik it jo net wegerje doarst, mar it wier tsjin myn sin. En jou wiif wird ik net, det liket der my fen fierren net nei!"

— „Ja, ik wit wol, dou hast dy de kop gek meitsje litten fen dy biroerdling, dêrst niis mei dounsest! Mar dou hoefst net to tinken det er 't dy mient, — lang net, hear! Dêr is er fiersto greatsk en to earnich ta, leau det mar. En ...hy twong hjar yetris om stean to bliuwen, „en al is 't tinken by him, hy kriget dy net! Ik wol dy ha.... ik.... ik....!"

„Ja, det hoeve jy my net to sizzen, det de boer nei in ryk wiif omsjucht. En ik wit ek wol, det er my net nimt, — mar "

Hja harke, hwent hja hearde, det der immen de reed delkaem, fen 'e pleats öf. It wier in manljuesstap. Godtank!

— „Mar.... ? Nou?"

„Mar ik nim jo net! noait! noait!" röp de jongfaem, en skoerde hjar for 'e twade kear los.

Jurjen rekke alle bidaerdens kwyt. „Dou scitte!" size er twisken'e

tosken troch, en kaem fen nijs oan op hjar ta Hja joech in gelüt, en

fleach op 'e kommende ta. Twa earmen waerden om hjar hinne slein

It wier de boer fen Müntsepölle.

„Foart dou!" sei er, wyls't er Jurjen tobek staette; „hast faeks to folie, detst dy sa mal tjirgeste?"

— „Pas mar op josels! Ik bring myn faem thus; dêr ha jy neat mei ut to stean!"