Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Den tynt de siele yn 't romme hjoed;

't Is rounom like bliid!

O! swiete dream for 't jonge moed!

Oersill'ge bernetiid!

Det sjongt er Hölty efternei op 'e foarste bledside.

En de greate Multatuli, de man dêr't seis syn greatste fijannen rom op droegen, hat yn in mistreastige rite sein: „Ei, det ik de kar hie twisken it blastich skom-skien fen hwet is, en it lottere goud fen hwet west hat! Ik scoe wer wirde wolle hwet ik earen wier: bernyn jierren, bern yn tinken, bern yn ünskild! Ik scoe forjitte det ik myselme wier; ik scoe draken plakke fen it papier dêr't ik myn ynlikst wêzen, myn siele oan tabitroud ha! Ik scoe lichttrêd hinne en wer jachtsje oer 'e grêven fen 'e minskene langstme nei it Wiere, it Hege, sünder to ealgjen det myn jonge foetten ünmeilydsum de dream fen

myn jeld fortrapen en ik scoe frede habbe. Ik scoe foldien en

lokkich wêze...

Der blierket hwet yn 'e kleare berneloaits, det yn letter tiden fortsjirmet en weiwirdt. Der strielet boppe de bernewrald in sinne, dy't earst undergiet, as de folwoechsen minske syn boatsje yn in wiffe koers stjürt op 'e wide sé fen libjen en stribjen.

Der leit tofredenens yn berne-eagen!

In great minske tinkt en birekkenet, wikt en weagt; syn wyt wiist him in wei fen striden en krewearjen om dèt hwet er yette net hat. In greatenien sjucht en fielt syn lytsens, as er him forgeliket by 't ünfiembere, it ünmjitlik Rounom om him hinne, — en hy wol fierder, aloan fierder rikke; heger, jimmerwei heger fleane, ont er op 't lést net mear kin en treasteleas-ünbifredige de moedfearren hingje lit.

Mar in bern tinkt en rekkenet net! Det libbet, om samar to sizzen, by de rus. 't Giet in bern net oan, hwet der jister barde, en hwet der moarn barre scil. Fleurich en bliid to moed biplöket en binuttiget it it hof fen it hjoed, ont it keal is. Jouns leit it de holle del op 't kjessen det memme hannen opskodden, en it sliept syn swiete berneslom, sünder der oer yn noed to sitten hwer't it moarn fen libje scil.

Sluiten