is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

plak sette. Salang hja libbe, gyng it, en koe de saek ridlik goed bistean.

Yn 'e Gribus, dêr't it spiltsje ünder hearde, howol 't der in ure geans öf wier, neamde men dy twa aldfeinten „de Emmausgongers". For immen dy't op 'e hichte wier fen hjar dwaen en litten, wier 't gjin swier rieden, ho't se oan dy namme komd wêze moasten. Men seach se altyd togearre. Hja stapten moarns tagelyk fen 't bed, gyngen tagelyk ünder 'e kij sitten, kamen tagelyk yn 'e hüs to brea-iten, gyngen tagelyk mei in harke, in lodde, ef in snijseine op'tskouder it lan üt, — en sa mar troch, ont se de jouns tagelyk en byinoar op bêd kroepen. Sneins trapen se tagelyk nei tsjerke, hwer't se, in healüre to bitiid, nêstinoar yn in bank sitten gyngen, en tagelyk in lyts knipperke namen, as domeny op it gemoed bigoan to arbeidzjen. In potsjemakker, dy't op 't fragelearen domeny ris hwet fortellen hearde oer 'e Emmausgongers, det it „hoogstwaarschijnlijk twee vrienden geweest waren, onafscheidelijk verbonden in lief en leed, twee broeders op den levensweg," hie do syn foarman tsjin 'e rêch oanstompt, en him tarune: „Det ha grif Germen en Sjoerd west, ju!" As der sünttiid praet waerd oer dy twa, hearde men se oars net neamen as „de Emmausgongers". En sa wier hjar huzinge ek oan dy nuvere bibelske namme komd. Frege men yn 'e Gribus nei Grünshiem, sa't it den oars hjitte, den bigriep gjin minske hwer't men wêze moast, mar de lytste skoaljonge wist yen wol to bitsjutten hwer't Emmaus to finen wier.

De lêzer scil nou wol for 't forstan ha, det der ek forskate brike forhaeltsjes yn 'e omgong wieme fen 'e domme setten dy't de beide broerren dwaen koene. Ik wol der ris ien fen meidiele.

Earst moat ik sizze det Germen de frjemde oanwenst hie om by alles hwet der barde üt to roppen; „Men scoene sizze!" en det Sjoerd, dy't hwet swiermülich wier, der den ornaris oan tafoege: „Hw....wa scoe dèt tocht ha?" Rekke ef net rekke, dy wirden moasten der earst üt, foar't der fierder oer in ding praet wirde koe.

Nou, goed. It barde den ris op in Moandei-to-moarn, det se, nei djirheinen, nei de fjouwere moasten to dongsljuchtsjen. Det stik laei