is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Krekt scoene se wer yn 'e hus, do sei Doekele:

„Heare Goarryt, ik wit hwet! Nou kinne wy Wibbe ris moai ha! Helje de greate houwestök ris; hy leit oan 'e büthüsside tsjin 'e mürre oan."

—„Hwet woste dêr mei?" frege Ooarryt. Hy bigriep der neat fen.

„Det scil 'k dy sjên litte. Krij him mar gau."

Goarryt helle de stok. „Hjir is er," sei er, „mar ho woste Wibbe dêr nou mei ha?"

Doekele sei neat, mar hy die syn lofterklomp üt, en boun dy mei in eintsje byntjern oan 'e iene ein fen 'e stok fêst. Dêr sette er foetprinten mei yn 'e snie oer 'e wyk. Do itselde mei de rjuchterklomp. It slagge him bést; dy't net better wist, scoe der op swarre, det der immen oer 'e wyk klompke wier. „Sjêsa," sei er tsjin syn broer, dy't njunkelytsen for 't forstan krige hwer't Doekele op üt woe, „nou rin ik efkes by de daem om; dou smytst my de stök oer, en den set ik fen 'e oare kant of ek stappen. Hy moat fensels ek weromgien wêze."

Yn fiif minuten tiid wier det ek birêdden. Do gyngen de beide jonge mannen yn 'e hüs. It wier krekt breatiid; hjar heit-en-dy en de boaden sieten al om 'e tafel hinne. Hja skikten ek by, en do't se efkes sitten hiene, sei Doekele sa tsjin 'e ald boer:

„Gotskes heit, hwet friest it! It hat fennacht in koekje bakt, hear, — omraken! Der is ek al ien hinne en werom oer 'e wyk roun; hwent der steane stappen yn 'e snie. Hwa hat det west? Dy moat wol durf hawn ha; it is döchs op 't lést mar iis fen ien nacht...."

„Nou, det hab ik west," foei Wibbe him daelk yn 'e reden. „Fen 'e moarn foar melken, do 'k it kret fen 'e rüchskerne helle, 't Kin bést halde!" Hy tocht: as der stappen steane, hat ien it weage, en hwerom scoe ik det den net west ha kinne?

„Den ha jy der fluch by west," sei de boer. „It is my den oars slimmernöch. Jisterjoune laei de wyk ommers yette iepen."

— „Ja boer, mar 't friest ek hast in tomme yn 'e ure," andere de greate helt.

„Det leau ik skraech," sei Doekele; „hwent den wier 't yn ien nacht hyngste-iis."