Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— „Nou, ik wedzje det der wol twa tagelyk oer kinne, hwet ik jimme siz," swetste Wibbe. Eft er hynsders ef minsken bidoelde, det liet er oan 'e goederleauskens fen 'e oaren oer.

Foart nei brea-iten loadste Doekele Wibbe nei de wyk ta. Goarryt lustere him süntsjes yn 't ear : „Tink der om, it moat gjin forsupen

wirde," en gyng mei, fensels.

Watse-boer stie yn 'e büthüsdoar it spil oan to sjen. Hy mirk wol det de jonges hwet foarhiene, mar ho en hwet, det bigriep er net.

Doekele gyng op 't iis stean, deun tsjin 'e wal oan. Hy spile syn kaerten moai op; hy drige hwet nei 't midden ta, krekt as scoeder der oer, mar hy paste wol op det er him net to fier joech. Op t lest died er krekt, as bikoarre er him; hy hipte fluch wer op 'e wal, en sei: „Né hear, ik doar 'nt; ik ha der gjin sin oan om in wiet kros

to heljen." .

„Nou," sei Wibbe, dy't al mar roppen hie fen „to mar, to mar, it

haldt' by 'de bult!" hwent do't er de stappen stean seach, bigoan er

seis hast al to leauwen, det hy it west hie dy't er dér oergien wier, -

„Nou, det fait my neat fen jo ta. Jy sjugge dóchs wol, ik ha der oer

west. Och hearink, it kin bést, hear!"

-„As jy 't yetris dogge, gean 'k jo foartynienen efternei. Mar

it liket' my raer ta, det it yn ien nacht sa folie fêrzen hat," sei

Doekele. . ,

Wibbe stie al op 'e kant, mar hy koe dochs net rjucht fen e

ein komme, sa't like. „Hy moat yet hwet oantreast wirde," tocht Goarryt, en hy sei sahwet hünjend:

„lk scoe earst al testemintsje, as 'k jo wier."

-„Ja," foei Doekele him by, „det is 't sekuerste. En ha jy al droech

güd ré'lein, Wibbe? Hwent jy geane der grif troch!"

Det koe de greate baes net forneare.

Det hat gjin genoad!" sei er, en hy stapte foarut. „Ik scil jimme sjên litte det it sa sterk as in dyk is. As ik der fen 'e moarn d5chs Seis oergien bin !" scoed er sizze, mar foar t it

Sluiten