is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en det soarte fen folk stiet, wier yette ierder as er oars wend wier, foar de poarte oanlanne mei in ünfoech pak kranten, der't it nijs fen dy nachts al yn stie, howol yette net sa wiidweidich as yn 'e Ljouwerter, dy't letter ütkaem, en dêr't Hylke it Hoatse üt foarlies. Der hied er tige mei om him hinne smiten, det elk krige hast ien. Nou is der oars yn 'e himmel nin libbene siele dy't in sprütsel leauwe scil fen alles, hwet der yn 'e kranten stiet, alteast net as hja it ha oer'e dingen dy dêr boppe barre. Mar om in ure ef njuggen wier de sinne der ek foarby pandere en dy hie roppen: „De groetenis oan'e moanne as er thüs komt!" Wyls seach er sa falsk, det de earts-ingel Oabe, ef Gabriel, sa't de Joaden him neame, der erch yn krige en njunkelytsen b.gr.ep, det der mear efter stike. Hy wist ek wol, det de sinne oerginstich fen aerd wier, en de moanne syn moaije, sêfte strielen forginde; it wier him leed, det hy it net allinne wier dy't skine koe.

Gabe dy't yn 'e himmel safolle as aldste wethalder is, roan nei de moanne syn went, mar dy foun er leech, fensels. Do bigoan er doch sikerwier bang to wirden, det de alde dy nachts in ungelok krige hie ünderweis, en hy röp in pear oare ingels; hja hellen hjar hvnsders fen 'e stal en draefden de moanne-wei op mei hjar tnjen.

Do't hja in stik-hinne njunken 'e Greate Gaestmar wieme, seagen se Hantsje-om mei greate trêdden dwêrs-oer skonkjen op 'e sinne ta, en do, ho't de sinne hwet yn 'e büse stiek, det de kweade him oerjoech.

Gabe krige yette folie mear erchtinken. „Oanjeije!" rop er tsjin syn beide feinten. „Dit spil is net sa 't heart!» Hja stauwen foaruten fiif minuten letter, - ja man! dêr founen hja de moanne Bleek as in wytling laei er yn 'e skeante fen 'e dyk; syn skynfet barnde yet al, mar döchs tige slüch, hwent it greatste part strielen wieme ne. de barbysjes; de strielekoker wier hast leech-rüpele. „Ei, den wier de de divel syn bidriuw, niis-krektsa," sei Gabe skodholjend, wy s t er de moanne wekker makke. It dürre in hiel toarn eart de alde oerein stie en do moasten se him earst yet beethalde, sa wankel stie er op 'e foetten; hy wier sa slop as in lege moalpude. Der kaem y, hy hie de wrald nea net earder by ljachtskyndei sjoen; men kinibigr.pe ho't er knypeage. „Doch dyn skynfet üt en kom mei," hjitte Ga e