is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

IV.

Do't de minsken al dy foroaring merkbieten, wierne hja de earste deimennich wakkere oerstjür; forskate ljue dy't oars jierren oaniende tsjerke allinne oan 'e bütekant biseagen, roannen him nou hast plat. Mar fen 'e kweade syn dübeld ündogenske fiten mirken hja krektlike folie as yn 't foarige fen syn inkelde, det is to sizzen: neat; hja bleauwen der blyn for. En om't der hjar fierders neat oerkaem, sakke hjar bangens al gau wer nei 't gat. Hja wenden al njunkelytsen oan 'e moanne syn üngestadigens en harsenskraben der ek net oer ho't it komd wier. De iennichste dy't er hwet fen wist, hold him dea-ketoen. Det wier Hoatse fensels; dy hie ünderwilens boaske en libbe tige lokkich mei syn jong wyfke. Mar Jeltsje wier krekt as alle frouljue: nou just net nijsgierrich, mar hja wist graech alles. Dêrom frege hja him 't himd hast fen 't gat oer syn aventür mei de moanne, ho't er it ünderlein hie om him foar de milhüsfinsters to krijen en al sa. En do't hja op in stille jountiid mei moai ljachtmoanne waer ris togearre bütedoar sieten en hja him süntsjes hwet yn 't ear lustere, dêr't hja-sels in kaem fen krige, do foei Hoatse troch de koer en yn syn blidens. tortelde er hjar alles. Hja moast him lykwol ünthjitte en swij der tsjin in oar oer. Hwent hy wier tankber fen aerd en woe hyn efte nei net ha det elkenien der de müle oer spielde det sa'n ald man as de moanne mear boerejonges dronken hie as er fordrage koe.

Sa praetsk as frouljue oars binne, hold Jeltsje hjar döchs in hiel skoft stil. Mar det gyng fensels mar ta in tiid ta goed. Ris op in Snein wier hjar aldste broer by hjarres üt to iten; dy seach de hiele dei tige near-eagich en wier neat net fleurich. Op 't lêstfregejeltsje : „Gotskes Pibe! hwet sjuchst raer; hwet is der dóchs oan?" En do song Pibe it selde deuntsje det Hoatse earen songen hie: hy hie in bulte sin oan in jongfaem, mar hja wier hwet nuver en hold him al mar op 'e tocht. Jeltsje tocht om 'e moanne, ho't dy hjar mei syn moaije sêfte strielen it herte weak makke hie, en hja sei sünder omtinken tsjin hjar broer: „Ik scil dy sizze ho'st it ynpikke moast. Moarntojoune sjuchst hjar by dy yn 'e sloep to krijen, den roeiste it Piel in ein üt en den scil de moanne dy wol fierder helpe, dy hat slach fen sok ding!"