is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tyd opbrocht, en de jaerlikse öfbetaling oek. Nou ferleden jaer hè 'k de laeste honderd gulden met de rente beurd. It binne oppassende jonge lütses; sy hewwe mear as horren broad. En na 't my foarstaet hè se oek al kynders."

Under Miedema syn forhael hie de frjemdling faken in gebearte makke, krekt as woed er hwet sizze, mar den hold er him ek wer stil. Hy wier in tige swierbirdich man. Sadwaende wier 't oan syn wezen min to sjên hwet der yn him omgyng, en mirken de beide oaren earst op det der yn 'e skiednis dy't er heard hie hwet wier det him fen 'e streek makke, do't er mei in trilderich lüd frege:

„En libje dy oare trije bern yette, det jy witte?"

Hja harken raer op, binammen Weltman. It wier de earste kear ek, det er syn utfenhüzer Frysk praten hearde. Miedema andere:

„Ja, en 't gaet horren allegaer best, hoar ik dan wel an Joustra, — soo hyt de jonge smid; dy komt hier gau ris in 'e winkel."

De frjemdling hie ynwindich in swiere striid, sa 't like. It wier, as sieten de wirden him tsjin 'e kiel oan. Mar einlings kaem it der' üt, koart en stjitterich:

„Ik bin hjar heit."

— „Wat je segge!" röpen Miedema en Weltman tagelyk.

„Ja," forfette Farmer, „ik bin dy sistersman fen 'e boer dêr't jy fen praetten. Ik hjit einliks De Boer, en ik ha, nou in foech tritich jier forlyn, myn wiif en bern yn 'e steek Iitten en bin nei Amerika gien. Dêr ha 'k lang omswalke, en it jamk tige earmoedich hawn. Mar do krige ik kinde oan jou broer, Weltman. Wy rekken togearre oan 't hanneljen, en it is üs bést öfgien, sa't jy witte. Ik ha nea net skriuwe

doarst. Foarearst net, om't, ik wier bang for 'tgerjucht, en letter ik

wit net, ik skamme my, leau 'k. Det myn wiif forstoarn wier, hab ik letter ris heard fen immen ütüs kontrijen, dy't ek to Chicagoto wenjen kaem. Hy koe my net, en fortelde my de skiednis fen myn fjuchtsjen en allegearre krekt as in nijtsje. & '

Hy sei der by: dy man moat hjir ek yn Amerika hüshalde, as er yette libbet. Hwer't de bern bidarre wieme, wist er net. Ik ha neat tsjin him ütlitten, en myn eigen compagnon wit oan distiid ta myn