Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Us folksaerd en üs sprake. (*)

i.

Hwa't yn Hollan forkeard hat, hal dêr grif gauris sizzen heard: „Die Friezen zijn toch een eigenaardig volkje!" ef sahwet hinne.

Jimme tsjinner hat lang syn thüs hawn yn in kaserne yn Hollan. Jiers ienris kamen de nije miliciens op. Roan dêr ris ien mank dy't hwet oars as oars wier, ien dy't mei in frjemde tongslach praette, den wier 't al ridlik gau: „Jij bent zeker een Fries?"

Nou, den die 't wol ris bliken det de man üt Sieusk-Flaenderen ef dy kontrijen wier.

„Och nou ja," wier 't den, „dat scheelt zooveel niet."

En dêr koe de siel den mar mei tofreden wêze. It kaem him mülk wol tige yn syn nasyonale eare, hwent yn Hollan for in Fries oansjoen to wirden, dêr biskammet seis in Sieu him om Mar hwet scil men der folie oan dwaen as yen yn 'e kaserne net jown wirdt hwet yen fen rjuchtswegen takomt. Iggewearre sa'n jongkeardel tsjin, den waerd him tagnaud: „Als ik zeg, dat het niet veel scheelt, dan .... scheelt het niet veel, hoorje!"

Hwent sa binne se yn 'e kaserne.

Wy ha ek ris in fint by de „kompie" hawn, dy sei hast neat; it wier krekt as siet de tonge him yn 'e müle bifêrzen. „De dood op modeltrappers," neamden de ünderofsieren en korporaels him. Us kaptein krige op 't lést ek erch yn dy man, en frege de sersjant-majoar: „Zeg reis, v. Sabelenburg, wat mankeert die kerel eigenlijk ?"

(*) Dit stik is makke yn 'e foarm fen, en earst ek opdist as in lêzing. Om twa dingen ha'k it sa bliuwe litten Foarst: om der in gedegen stik proaza fen to meitsjen, dêr wier 't my hast to biwirkelik for; ik hie 't alhielendal omstalle moatten. En oard: yn in Frysk boek heart hast wol ien en oar foun to wirden det mei skik yn 'e houten broek to brüken is; de singeliere omstannichlieit det it Frysk-lêzend Friezendom hast alhiel binnen 'e ring fen 't Fryske selskipslibben fait, bringt dit sa mei. Nou, den wier 't mar bést, det it stik sa bleau, tocht my.

Sluiten