Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ünder 'e yeske, en det steal moat ris hwei oproastere wirde. Dóve koal ha wy njunkelytsen ryklik genöch.

Fierders woe 'k üs sprake yn 't praet bihelje.

Nou binne in hopen grif al nijsgierrich, ho't üs Fryske tael to pas brocht wirde kin by üs folksaerd, en hja freegje: „Ha dy twa einliks wol folie meiinoar üt to stean?"

In hiele bulte. Hofolle wol, dêr komme wy letter op. Ik scil lykwol foart mar efkes hjirop wize: det üs sprake it béste biwarre bleaun is yn 'e kriten dêr't it folksaerd him it krêftichst opponearret. Hwer't it iene syn plak romje moatten hat, is fen 'e oare ek in bidroefd dripke hingjen bleaun.

Lit üs nou earst ris in praetsje halde oer it folksaerd.

II.

Folksaerd, — ho komme wy oan det bigryp? In folksaerd, hwet is det einliks?

Alles hwet op üs ierdboaijem organysk libben hat, hat ek in eigen aerd. Sjuch bygelyks mar ris nei de blommen, dy't by beppe yn 't finsterbank steane. Dy groeije allegearre nei 't ljacht ta. Blommen moatte sinne ha, det is hjar aerd, seit it ald minske. En hja hat gelyk, hwent as se hjar herteberntsjes op in froastige dei üt need yn 'e kelder ef yn in oar tsjuster herntsje sette moat, moat se mar oppasje, oars fortjirmet de iene efter de oare.

Beppe hjar cypryske kat — sipelse, seit se den oars, — hatek in aerd. In falsk aerd, sizze de bernsbern, howol, beppe-sels haldt üt det it bist

oars goedlik fen aerd is, mar it moat net pleage wirde ef net

plêge, seit beppe, hwent hja is fen 'e waldkant.

In houn hat ornaris in trou aerd. In skiep en in laem habbe in sêft aerd; in bolle hat in nytlich, in baerch in loai, in geitebok in koppich aerd, en al sa. Elk diersoarte hat syn algemien aerd.

En elk dier op himsels hat ek wer syn bisünder aerd. Hwent wy witte ommers wol, der binne wol goedlike katten, — beppe sei it al! — en falske hounen, en wylde, stjitterige skiep, en bollen dy't sa sêft as in lamke binne.

Sa is 't nou ek mei de minsken.

Sluiten