Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Boereaerd is nou sa sear net hastich; boeren ha folie evenrediger aerd, — bihalven yn 'e üngetiid. Den rédde se hjar salang mei in skippersaerd, en alles giet like gysten. Den fleane se hjar-sels hast foarby, en dy't hjarren foar 'e foetten rint, kriget in reis.

Farrensljue yn 't algemien ha in oprjucht aerd, dy halde fen 'e

wierheit. Jagers en fiskerljue nou, det mei wol sa wêze; dy stalle

wolris ien. In jager sjit yn syn forbylding deis wolris mear hazzen as er wyks thüsbringt, en fiskerljue fange sims snoeken mei 't skepnetsje. Yh 'e beun fensels, mar det fortelle se der net by.

Angelfiskers habbe in fordildich aerd. As se tsjien snotterpoasken fange efter elkoar, rekkenje se de alfte kear yet like goed op in grouwe bears, as by nümer ien.

Berne-aerd is boartlik. En as men fen in jonge seit det er „in aerdtsje nei syn faertsje" hat, den moast det einliks priizgjenderwize wêze, hwent in gnap bern det syn alden liket. Lykwol is 't rjuchtoarsom. Fen in bern mei iri goed aerd heart men't net sizzen. Ho't det sa komt? Ei, de minske haldt syn forkeardens for in oanstjerte, ensyngoedens for eigenoanret spil. En dêr rjuchtet er sünder erch syn tael neffens yn. Sadwaende, as men in forkeard aerd hat, is 't heit syn skild.

Feinte- en famme-aerd Nou! „Al hwet fen katten komt, wol

müzje," seine üs foarfears, en hja wisten 't wol.

Dêrom net, it is mar goed det se allegearre net binne as dy jongkeardel dy't tsjin syn .heit sei, do't dy him nei de frouljue ha woe: „Heit kin wol hwet sizze; heit is mei mem troud, mar as ik in wiif ha wol, kin 'k in pürfrjemd nimme!"

Manljuesaerd is ek wer hiel oars as frouljues: folie foarser. Manljue kinne hjar gau earne oerhinne sette, — al siz ik it seis. Manljue sjugge fierder foarut, en doare better hwet oan, as frouljue Frouljuesaerd is folie skrutener as manljues. Frouljue hingje folie mear oan 't lytse, en kinne lang sa goed net fen hwet öfsjên. Frouljuesaerd is ek folie meigeander, as manljues.

Ja, ik wit wol, der binne ek güds, dy sizze det üs Sytskes en Wytskes, us Sjurdtsjes en Ruerdtsjes folie mear nocht oan tsjieren en igge-wearjen habbe as manljue. Mar sokken binne net wizer, moat men mar rekkenje. Elk troud man wit wol better.

Sluiten