is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wer tige rêddich. Det ha de Dütskers op 'e Friezen foar. It is wol sekuer sa't master Hearre fen Grou ris rymde:

Ho't komt, det poepen meast Fier boppe Friezen gonge?

In lid mear yn 'n rêch,

In slach mear yn 'e tonge!

De Nederlanners geane om utens for tige bidaerd; for ljue dy't net gau üt 'e rie komme kinne, mar oars wol slach fen jildfortsjinjen ha. De Dütskers prate wol fen „Die Hollandischen Mijnheers". Det is yet üt 'e tiden, do't de Hollanske hannel it meast fen allegearre to bitsjutten hie, en üs keapljue de rykste fen 'e wrald achte waerden.

IV.

En ho is nou it Fryske folksaerd? Ho is it bisünder aerd fen it folk det sünt ieuwen twisken Flie en Lauwers wennet?

Nou scil 't wol op in romjen gean oer Fryslan en de Friezen, wirdt der altomets tocht

Mar den hat men 't mis.

Ik scil bisiikje, om it goede yn üs folksaerd sjên to litten, mar ik hab gjin plan om it tsjoede bynefter to halden. Der is my yn't foarige al fiersto folie pield mei Fryslan-boppe-ropperij. Binammen üs dichters en skriuwers ha hjar dêr oan bikweadige. Dêr komt by, det hjar wirden faken forkeard ütlein binne. Do't Waling Dykstra song:

Fen alle lannen op 'e wrald Is 't Fryslan, dêr't ik 't meast fen hald,

en:

Fen alle minsken op 'e wrald

Binn 't Friezen, dêr 'k it meast fen hald,

bidoelde er moai grif net, det Fryslan en de Friezen sa'n ein better wêze scoene as oare lannen en folken, mar allinne, det in echte Fries eigen lan en folk it neist oan 't herte leit, krekt sa't in bern trochstrings mear fen syn eigen alden haldt as fen in oarmans. Stie der: fen alle lannen op 'e wrald is Fryslan it béste; fen alle minsken op