is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

'e wrald binne de Friezen de béste, den scoe 't fensels hwet oars wêze, mar det stiet der net. Nou, follen ha 't döchs sa opfette, en der mar op los songen.

Uteringen as dy fen Salverda:

Dyn aldfears tael, o Frank en Bat,

Hwer hüz't hja? yn tiids tüt!

ha der ek gjin goed oan dien. „Frank en Bat" hjar aldfears tael huzet like min yn tiids tüt as de Friezen hjarres. Der binne wol biwizen det it Frysk as tael rjucht fen bistean hat, likegoed en sims better as oare spraken, mar dit Helmerske stikje rombom tsjinnet ta neat.

Né, oars as oaren binne de Friezen al, mar det se sa folie better

binne, leau ik nou just net, al is der wolris tige fen beard.

***

Lit üs nou ris in mennich eigenskippen fen it Fryske folksaerd bisprekke.

Dêr ha wy bygelyks alderearst üs sucht om frij to wêzen.

Wy halde sa'n bulte fen üs frijdom, wirdt der sein, ja der binne güds dy wolle wol ha det wy ha der üs folksnamme oan to tankjen. Frysk bitsjut frij, biredenearje se. Mar ik kin det min leauwe. De namme fen 'e alde Friezen hjar neiste bürljue, de Franken, bitsjut al frij; „frij en frank üntslein," seit men yette, en yn 't Fransk fen hjoed de dei is franc in wird det algemien for frij brükt wirdt. Mar frysk hat nearne,

yn gjinien sprake, dy bitsjutting.

Det üs foaralden lykwol in bulte mei hjar frijdom op hiene, biwiist de skiednis. En hjar neiteam is al net sa folie oars. Wy meije graech üs eigen baes wêze, en litte üs net gau hwet fen oaren sizze, binammen fen gjin Hollanner. Dit is fen dy gefolgen, det men yn Fryslan mear lytse bazen fynt as greate feinten, en det de iene faek tsjin 'e oare opsloaije moat, om troch de tijd to kommen. Mar t gefolch is ek, det men by üzes hwet gauwer tofreden is as yn oare streken, en mei minder rounkomme kin. In hopen scille dit in goede side neame fen dy sin for selfstannigens.