is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Den ha wy fierders it roune fryske aerd.

Roun, det is safolle to sizzen as earlik en oprjucht, trou yn sizzen en dwaen, en yn 't neikommen fen yens ünthjitten.

„Rjuchtüt as de bargesnüt," seine üs foarfears, en dêr hannelen se troch 'en tiid ek neffens. Hja seine it elkoar „lyk foar 'e kop" as hjarren it ien ef 't oar net sinnige. Dy't soks net forneare koe, moast de hannen mar foar 'e earen halde. En yn handel en wandel gyngen se ek net mei ündogenske streken om.

Ja, ik wit wol, de skiednis wiist ütsünderingen oan. Foaral yn 'e Skieringers en Fetkeapers hjar tiden binne de Fryske eden wolris skandlik forbritsen, makke de iene (sabeare-)frjeon efter de oare syn rêch de boel raer fen aeijen. Mar det siet him mear ünder 'e haedlingen. It lanfolk wier rou, mar trou.

Rou mar trou! Kin it yette sein wirdefen üs lanfolk,det it trou is?

As men hwet men yn Fryslan heart en sjucht, forgeliket by hwet men yn oare hoeken en hernen fen Nederlan opmerke kin, moat men hjir ja op sizze. De alde fryske trou sit der yet yn en iepenbierret him ek wol faken.

En sa moat it ek bliuwe. It is in foarnaem diel fen üs folksaerd, en siker it minste net. Dêrom is 't ek sa skoan, det wy nou üs eigen flagge ha, makke nei 't mal fen 't alde fryske wapen. Dy bringt üs mei syn saun pompeblêdden hieltyd wer to binnen, ho trou de saun frije fryske sélannen lange ieuwen oanien „alle twang en oerlêst tsjin stiene."

Bliuw, banen, wite en blauwe,

Bliuw, blêdden, rea en roun,

Bliuw 't byld fen fryske trouwe,

Byn Friezen oan hjar groun!

Weagje oer üs griene greiden,

Weagje oer üs wetterwiid,

Bliuw 't byld fen Fryske dregens

En Friez'ne stille striid!

Waei, waei üt nou, Fryske flagge!

Den omheech, den omleech,

Op en del mei wyn en weagen,

Wiuwend, kliuwend, steech en dreech!