is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

gjin wird Frysk mear ken. En as er 't op 't lést al wer bigjint to praten, soarget er tige, det der üt en troch in frjemd wirdtsje mank rint. Det is den safolle to sizzen as: dou hearste döchs wol, det ik oer 'e Tsjonger west ha, oars net? Ik ha my fortelle litten det to Ljouwert op it perron it folgjende ris foarfallen is:

„Wenn geet de zug nae' Sneek?" sei Kest.

Hy hie in fearnsjier mölkfeint west Dêr jinsen, eame yn 't poepelan En 't Frysk net goed mear foar 't forstan.

It andert joech him flink de miette:

„De such? Det scill' jy seis bést witte!

Nou, myn twa mölkfeinten fen do wierne ek sokke sü.... hou, sokke Kesten bidoel ik. Lykwol hiene se hjar bihoarlik poarsje fryske nijsgierrigens bihalden mei weromnomd ut 'e frjemdte, dy ünderfining hab ik der tominsten fen.

Ik andere op dy frage oer 't „Ais" fensels „ja", ef „né", ef „ik wit net," — ien fen trijen grif. Sa lyk kin 'k det net mear sizze. Ik foege der ek yet al hwet oan ta, leau 'k. Mar yn elk gefal: hwet ik sei, sei 'k op syn frysk.

Nou, do die 't bliken, det hja hjar „einmoars-sprake" ek yet net alhiel forleard hiene.

De iene fortelde det er nei Feanwalden moast, en graech yet hwet ride woe, hwent by hjarres yn Dutsklan wier dêr neat fen komd. De oare wier fen Eastermar; dêr moast er de jouns yet hinne rinne, fen Feanwalden öf, — ef ride, as er in pear redens to lien krije koe. Mar det wist er net sa ganz genau.

En do't wy den sa njunkelytsen fleurich oan 'e praet rekke wierne, bigoan dy léste my sa'n soarte fen eksamen óf to nimmen.

Hy frege earst:

„Binne jy fen 't Hearenfean ?" Hwent der hied er my ynstappen sjoen.

— „Ja," sei 'k fensels.

„Is det hwet in aerdich plak?"

— „Och, hwet scil 'k sizze. It skeelt alles net Mar ik wenje der ek yet net sa malle lang."