is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

V.

Nijsgierrich binne de Friezen, dêr fait neat tsjin yn to lizzen. Mar it komt mei foart üt hjar ienfaldich aerd, — en ienfaldigens yn seden en menearen is oars ek al wer tige skoan.

Dy twa mólkfeinten hiene wol in blau-moandei yn Dutsklan forkeard, en der hwet bargedutsk mei weinomd, mar it wieme dóchs ienfaldige Waldtsjers bleaun. Oars hiene se sa nijsgierrich net west.

En is nijsgierrigens (altyd as frucht fen ienfaldigens, en det wier 't by hjarren, fornaem ik wol!) nou ek wol sa forkeard? Hwerom scoe de iene minske de oare gjin quo vadis freegje meije, en hofolle kwartsjes eft er fortsjinnet? As men efterhalden wêze moat mei 't ien ef't oar, is soks fakentiids al gjin suver spil. De ienfaldige hat net folie geheimen.

En de Friezen, de echte, platte lanfriezen binne ienfaldich, sljucht en rjucht.

Det is ien fen hjar béste eigenskippen, en it scoe mar to winskjen wêze, det de jonger ein dy deugd hwet ljeaver oernaem.

Mar och ljeave Santjen!

De heiten klompkje Sneins nei tsjerke, mei in swart siden doek om 'e hals, en in buffelske jas oan. Underwilens rinne de soannen de iene herberge üt en de oare yn, mei de iisboerden by 't kin op en in oardelsintese segaer yn 'e holle.

De memmen geane üt to thédrinken, mei 't earizer en de flodder op, en witte fen hüshalden. De dochters drage los hier en fleane nei de merken ef sitte as stêdsjiffers forklaeid op'e piano om to timmer jen det it yen troch ieren en sinen giet. Ei ja, hja sjonge en spylje wol tagelyk üt it Frysk Lieteboek: „Frysk bloed tsjuch op!" ef: „Wy, wy litte üs tael net farre!" mar underwilens draeije se hjarren heal om op 'e pianokruk, en freegje fleonsk: „Süd minhear de bladen oek efkes omslaen wille?" En as 't oan trouwen en hüshalden ta is, en der kin gjin faem óf, den steane se mei omkearde hannen.

Sa is üs hiele spes patriae nou gelokkich net. Né, en ik ha wol hope, det de ald-fryske ienfald net mei üs alden it grêf yngiet,