Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

As er bygelyks yn Hollan sibben en frjeonen ófskie fen elkoar nimmen sjucht, en det giet den ünder 'e bleate loft op in tutsjen det it klapt, den seit er: „Hwet sleau net? Skamje sokken hjar nou langer for neat?" en 't herte keart him om yn 't liif.

In Fries leit syn herte it swijen op, salang as der güds by binn$, dy't mei syn leed noch syn lust hwet üt to stean ha. Feint en faem kinne Sneintonachts wakkere nochlik opsitte, mar komme se elkoar de Moandeitomoarns op 'e bürren tsjin, den sjucht de iene it easten en de oare it westen üt, en beide sizze se, as se mei elkoar pleage wirde: „Och hearken, dèt hat sa lang al wer üt west!"

Det wy efterhalden fen aerd binne, docht yn alles bliken.

Hwet dogge wy bygelyks mei ündergirdyntsjes foar 'e glêzen? Deabinaud det in oar üs it iten en drinken fen 'e tafel sjên scil, oars neat!

Hear üs boerefrouljue ek mar ris, as se op wykmerkedagen to Ljouwert ef Snits in greateljueshüs foarby komme, dêr't se de minsken „sa mar" sjên kinne. Den giet hjarren de grize oer 'e grauwe, en hja sizze: „Sa woe 'k nou net heal sitte, hen? It is my fiersto gapsk!"

Do 'k yn Hollan forkearde, ha 'k ek gau ris Friezen troffen, dy't wakkere efterhalden wieme. Mar det kaem den faken foart üt hwet det hjarren net sa gnap stie. As, om mar ien foarbyld to nimmen, sa'n ien fen Nijbrêge wier, sei er: „Ik ben fan Heerenfeen,mijnheer!" Hwa't him op syn ligen opmerksum makke, krige to halden: „Einou, eft men al praet fen Nijbrêge, det jowt neat; den kin men yen likegoed stilhalde, om't, de ljue witte hjir döchs net hwer't det leit."

Mar det wieme fensels de boer syn goezzen net. Soks is oars neat as bangens, det de Hollanners, (yn dit stik ornaris ek al sa lyts as in minske,) as men hjarren nei wierheit ynljachting jowt, sizze scille: „Nou, dan ben jij ook met zeve' paarde' uit de klei getrokke', vrind!"

Ik hab yn Hollan — hwersa'ne, det scil 'k nou mar ljeaver swije, — ek ris trije frouljue biharke, dêr wier mar ien Friezinne by. De iene Hollanske jongfaem sei: „Myn pê is coiffeur in Den Hêg!" De oare hjar heit hie al sa'n heech offysje, mar den yn Amsterdam,

Sluiten