is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

It binne al wer binammen de biwenners fen üs residinsje (de Hêgenêgs, menee-a!) dy't yen fen soks de measte argewaesje jowe, mei hjar forfeelsume skieppe-ê for a. Dy't dy ê net fakernöch hearre lit, en de r net alhiel forbrijket, is net veugnêm ....

Yn Dütsklan is 't al oars, mar net better. Dêr praet men troch de noas fen deftigens. Foaral de Dütske ofsieren ha det nasein hiem.

Mar bisiikje soks ek ris mei 't Frysk. Det is hielendal ünmooglik. It Frysk „foarnaem" prate? Wel, ik scoe net witte ho. Men kin ien en t selde wird net oars ütsprekke as men 't wend is, sünder fen elkenien utlake to wirden. Nou moat ik der foart by sizze, oars scoe 'k faeks forkeard bigrepen wirde: dit leit him net sa sear oan in eigenskip fen üs tael, mar mear oan 'e Friezen seis. In Fries, dy't him forbyldt det er sünder affektaesje yn sprake en menearen net troch de wrald kin, praet Hollansk (sabeare-HolIansk meastal,) en biwarret sa syn eigen sprake for de üneare fen 't forbritsen-wirden üt greatskens. Stie 't Hollansk üs net sa nei, den scoene wy yn Fryslan folie mear Frysk to hearren krije, — mar grif ek gans affektearre Frysk, hwent it affektearjen (it Iawaeiskoppen, it pürimslaen, seit in platte Fries) wol de minsken tige oan, en den moat hjar tael it mar forneare, al is dy oars ek noch sa ienfaldich.

Det sadwaende, men wit faken net iens, hwet it béste is.

Moast dit gjin sljuchtwei biskóging bliuwe — sa ha 'k it ommers ynklaeid, — ik scoe hjir gans mear oer losmeitsje. Bygelyks det de sjongsumens, de bügsumens fen in tael, dy't leit oan 't greate forskaet fen klanken en sizwizen, der üt weigiet, as er de foet net by de küle haldt, det is to sizzen: as er gjin bern bliuwt fen syn alden: it folks-

herte en de folksmüle. Mar det moat nou oergean.

* * ♦

It efterhalden aerd fen 'e Friezen fynt ek wearklank yn üs sprake.

In Fries is sims efterhalden yn syn wirden, sünder det er dêr seis erch yn hat, en sünder det er efterhalden wêze wol.

Mei ien foarbyld scil 'k folstean kinne, hoopje 'k.

In frjeon fen mines reisge ris op in Freedtomoarn mei 't spoar