is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fen Orins nei Ljouwert. Der sieten in bulte boeren en fékeapljue yn, dy't nei de wykmerk scoene. To Feanwalden kaem der yn 'e coupé dêr't myn frjeon yn siet, yet ien by. Oan syn klean, oan 'e keapmansstök, en oan folie mear dingen, dy't men better merkbite kin as biskriuwe, wier foart to sjên det er ek nei stêd scoe.

Ien fen 'e oare boeren, dy't him sa 't like koe, frege:

„Kom, scille jy hjoed ek ris op 'e merk sjên?"

Nou hie de man wol rounüt ja sizze kinnen, hwent stel ris, det er 't net witte woe, — de oaren gyngen der ek hinne en koene him dos wol neigean, as se der bilang by hiene. Boppedet wier 't skoan oan 'e frage to fornimmen, det it forstrekte mar ta in praetsje. Mar döchs wier 't andert yn toan en wirden krekt as woe de oanspritsene in slach om 'e earm halde. Hy sei, sa hwet skytskoarjend: „Nou ja, det wier 't doel einliks al."

De man wier üt 'e sleur wei efterhalden!

Men kin 't fen tinken wol ha, det de freger it biskie det er krige as in bifestiging opnaem. Det wier 't ek.

By dit efterhaldene yn 'e tael heart ek min efte mear it forsêftsjen yn 't sizzen fen dingen dy't yen yn 't moed gripe. Einliks kin men det better thüsbringe ünder de dichterlikens fen üs sprake, mar dêr scil ik it nou net apart oer ha.

„Dy-en-dy is al jierren dea," klinkt hird yn 't Frysk. For dea hat men wei, en det brükt men ljeaver, binammen as de deade dêr't men 't oer hat, yen nei bistie; it komt net earlik sa hird oan. Is immen krekt wei, den seit men ek folie, det er rêst is. Dêr skület yet sêfter tinkbyld yn. Yn sizwizen as „ik bin net rjucht by de tiid," ef „net rjucht goed" sit itselde. Plaen-üt sizze „ik bin siik" docht men ljeafst net.

Fen sok soarte euphemismen, dy't de saek dy't men bidoelt, hwet forbjusterje, ef it alteast yn 'e jamkste falden slaen, treft menfrijhwet oan yn 't Frysk. Mear opneame scil 'k mar net; it ünderskie is fakentiids sa fyn, det men scoene to wiidweidich wirde mei ütlizzen en sa. Allinne dit yet: „sok iten mei 'k net" is ek folie sêfter as „sok iten lest ik net."