Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hja hiene in great soan thüslizzen, dy arbeide op 't büterfabryk, en moast er de nachts om ien ure óf.

Nou, midden yn 'e nacht hearde ik geskeuk foar 'e glêzen, en foart dêrnei waerd der op 'e ruten tikke. „Ja-a!" róp it ald minske, det tige waeks wier. En do, wyls't bütedoar immen fierder klompke, róp se de soan. „Klaes ju, Klaes! Der óf! 't Is tiid hear! de nachtmerje is al foarby!"

„Nnnn!" granze Klaes, yn 'e sliep fortiisd, mar it ald minske róp krekt salang, det al njunkelytsen kaem Piter yn 'e broek en Jan yn 'e rokken en Klaes gyng de doar üt.

Ik tochte: dy nachtmerje, hwet scoe det yn ha? Dêr koe 'k net by, en de oare moarns wier 't ien mei fen 'e earste dingen dêr't ik oer bigoan.

„Wel," sei de ald frou, op in toan krekt as spriek it fensels, „sa neame wy hjir it wyfke det nachts üt to klopjen giet."

Ei ja, det koe ommers ek bést. Sa'n minske komt dóchs krekt as

de nachtmerje: midden yn 'e nacht, en wakkere min fen pas!

♦ * •

Ik wier ris to A., en stie by immen foar hüs to praten, do't ien fen syn bern, dy't by üs omsprongen, ta de doar ynróp: „Mem, dêr komt Labora oan!"

De man dy't bidoeld waerd, kaem der op 'e dyk oanfytsen. Ik koe him wol. It wier in lid fen 'e firma A-stra en B-stra, üt 'e stêd dêr tichteby. Hy reisge mei stalen. Do't er by de frou yn 'e hüs wier, frege ik de jonge dy't roppen hie:

„Hwerom neamst' dy man Labora, ju?"

— „Och, sa mar," sei er; „sa neame se him hjir altyd."

Ik seach syn heit ris oan. Dy andere op myn stilswijende frage glimkjend: „Ja, sjugg' jy, det sit sa, men heart hjir altyd fen 'e firma Ora et Labora praten, noait fen A-stra en B-stra...."

„O, nou fetsje 'k it al," foei ik him yn 'e reden. Itkaemmyyn't sin, det de hear A-stra for in man gyng dy't tige foar 't Goede wier hwet lykwol meast bliken dwaen moast üt syn wirden, hwent mei syn dieden hie 't der wol oan. Det is to sizzen: hy die hielendal net folie.

Sluiten