Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Sa is ovale yn 't Frysk owaelsk, ja sims hofe)waelsk wirden. Men sjucht, det it Franske wird hat in Fryske ütgong krige, en klinkt sadwaende for immen dy't it oarspronkelike wird ken, tige nuver. Syn bitsjutting hat it bihalden.

Theatre heart men wol faek as tryater en 't wirdt brükt

och, 't wirdt einliks for alle gebouwen brükt dêr't men 't rjuchte net fen wit. As in ienfaldige Fries üt it boerelan in nij tichthüs yn 'e stêd sjucht, kin er bést ris sizze: „det is in hiel tryater wirden," foaral as de bouoarder him hwet nijerwetsk taliket. Men tinkt by dit wird oan trije, sa 't skynt; hwerom, wit ik net.

Usance is ivizansje wirden. Men hat tocht oan wize fen dwaen, en det wier sa fier net mis. It is oars al in seltsum gefal, as by foroaring fen in frjemd wird troch lüd-gelikens (analogy) net allinne it nomde wird syn bitsjutting haldt, mar teffens in moai goede oersetting is fen 't oarspronkelike. Döchs komt der my yette sa'n wird yn 't sin: kwanskwize, fen it Latynske quant suis, det likernöch sabeare bitsjut. It wol my hast wol oan, det men by kwanskwize oan kwanseljen tinkt, en det bigryp is der ommers wol oan bisibbe. Yn elk gefal tinkt men wer oan wize fen dwaen.

Fen horrible is oeribel makke, en troch dy fryske kop hat it wird geandewei de bitsjutting krige fen oer 'e miette. Krankyl fen tranquille, biwiist lyk as safolle oare wirden fen frjemd komöf det it folk sims tofreden is mei in bikende klank, al stiet de bitsjutting der ek noch sa fier öf, hwent hwet hat krank to meitsjen mei tranquille, det bidaerd bitsjut?

De Hollanske wirden dy't it Frysk oaneigene hat, habbe ek lang

altyd hjar eigen foarm en bitsjutting net halden.

* + *

Mar hat dit nou allegearre wol hwet mei folkshumor üttostaen? freget licht immen. En skokskouderjend anderet in oaren-ien: né, it komt earder foart üt folksdommens.

For in great diel scil ik dit gjinien üntstride. Ik hie dy frjemde wirden yn 't Frysk ek stil mei rêst litten, as ik net sa faek merkbiten

Sluiten