Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hie det güds derfen üt koartwiligens, en dos mei sin, sa foroare

binne, — en yet wirde.

Dit is heislike min düdlik to meitsjen, mar ik scil t dochs bisukje.

Ik tink der yet krekt oer as in jiermennich lyn. Do skreau ik: De Friezen forfryskje de klank fen somlike oernomde hollanske wirden net ienris, - en soks is ek skoan to bigripen, hwent dy wirden wirde oernomd as, en hja wirde sa oemomd otrit de folkshumor him uterje wol. En dêrom krekt bitsjutte se ek wol gauris hwet oars as it selde wird yn 't Hollansk. Binne it güds dy't al tige lang brukt binne, en dêr't alleman oan wend wirden is, den habbe se njunkelytsen hjar humoristysk aerd forlern, en heart men se ek wol yn earnstich petear. Mar dy't Ünder 't folk forkeart, en in pear goede earen oan 'e holle hat, dy kin hearre, as dy wirden yet net ald en öfbrükt binne, det se fleur jowe oan in sin, en dy ivich-jonge kreftige

folkshumor der faer oer stiet." Au

Sa 'k sei, dit is myn bitinken yette. Ik leau bygelyks grif, det hwa earst fen 't franske un tout tnême (d.w.s.: it is allegearre gelyk), ten tut mem makke, sadet men tinkt oan in restje bern dy't allegearre „Mem!" tütsje, dêr in koartswilige bidoeling mei hie. En hwa sjucht net yn det er 't mei folkshumor to dwaen hat, as er heart hot de Friezen hjar it franske chant tous les jours (sjong aldendei, bitsjut det,) mülriem meitsje? Jan Toedlesjoer! sjonge se, en hwet it bitsjut is hjar likefolle; in humoristyske klank, dêr is 't hjar mar om to redden.

Op 'e selde menear scil üntstien wêze it Orouster sizzen: „der komt er oan strijdenDit kin lykwol ek in ald frysk wird weze, det allinne to Orou hingjen bleaun is. Forgelykje it Ingelske to stride; det en it Orouster strijde jowe likernóch itselde bigryp oan as't Hollanske schrijden.

Fierders heart men to Orou: „hwet is det snel," hwer't snel bitsjut nuver, en nei myn bitinken ek in humoristysk aerd hat.

Mar wol men ris in pear foarbylden ha, ho't de folkshumor sims oanlieding kriget om in frjemd wird oan to taesten yn foarm ef bitsjutting, en sims yn beide?

Nou den.

Sluiten