is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

fette net hwet det frjemde wird ynhie, mar det it in soarte fen segenwinsk wier, hied er dêrom wol yn 'e rekken, en hy andere: „Tankje, jo ek sa, lanhearre!"

De jouns krigen se kofje, en lanhearre winske wer sünder omtinken: „Santé!"

„Né lanhearre!" forbettere Joustra, „nou is 't: sa'n kofje!"

Mear as ien fryske skriuwer hat bisocht om frjemde wirden yn 'e folkstrant to forfoarmjen en koartswilich to pas to bringen. Dêrby binne se al folie to wirk gien neffens in fêste regel: dy fen 'e klank-analogy.

Yn 'e fryske toanielstikken treft men in bulte fen dit soarte wirden oan, mar meastal ha se wol hwet fen in mistribele pankoek, binammen as de skriuwer se letter ek sünder koartswilige bidoeling brükt, lyk as ik bygelyks wolris opmirken ha mei lükmartige for locomotyf.

Folks-etymology kin net neimakke wirde; den forliest it syn naïveteit. Folkshumor ek net. Ef einliks, men kin wol drystwei sizze: neimakke wirk bislacht noait goed.

* * *

Us humoristysk aerd blykt ek üt 'e oerdriuwing dêr't wy mei prate. As in skipper goed hird sylt, seit er: „It fiket der troch, det him de naden jokje," ef „det de modderkluten fen 'e dyk stouwe." As in great man in bihindich wyfke hat, ef oarsom, heart men fen sa'n pear faken sizzen: „De iene kin wol yn 'e oare to foer." En sa mear.

Dit forgreatsjen fen somlike dingen ha wy us sa oanwend, det wy ergerje 't üs sims net iens, en der om laitsje giet mar grif oer

Itselde is 't gefal, as wy in ding lytser foarstelle as 't is.

„Wy ha oars in bést hynsder," seit in boer, „mar 't bist hat in üngemakytf." Nou, den kin men der troch de bank op oan, det it blyn ef dimpich is, ef kwels giet.