is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

brekke, en der't mar selden efkes om glimke wirdt. De bylden dy't der yn bisküle lizze, binne mei 't al tige humoristysk, tinkt my.

Yn 't stasyon trof ik oan 't loket ris in minske, det hie tafallich

in baltsje kamfer yn 't beurske.

„Helpt it?" frege immen glimkjend.

Hja fette it foart. „Né, hear, like goed de mot yn 't jild/' sei se.

Yn gebekstens winne de Friezinnen it fen 'e Friezen; hja binne altyd yet efkes better op 't wird biret. Oan ien fen üs lytse stasyons stoep in boerinne yn 't spoar, mar mei de swing liet se hjar kaertsje op 't perron falie. Om wer üt en yn to kladderjen, wier for hjar in hangizer om oan to gean, hwent hja wier oan 'e gedegene kant en der wier ek net sa malle folie tiid mear bihalden. Dêrom frege se in spoarman" dy't krekt foarby kaem, eft er it efkes for hjar opkrije woe. Nou wier det by tafal de sjef seis, in Hollanner mei gans stnoar. Om in sljuchtwei boereminske fen tsjinst to wêzen, dêr siet it er e him fiersto heech ta. „Ik ben je hond niet!" snaude er.

„Net?" sei de boerinne, „nou, det is ek mar goed, hwent as jy wieme, hie 'k jo al lang forsüpt hawn."

Ik scil nou mar dien wirk meitsje, dizze lêzing wirdt oars to lang. Mar it moeit my aldertigenst det ik der sa rüch by lans gean moast. Ik ha gans oeral helle, dêr't mear oer to sizzen west hie, as der oer sein is. Ik hie binammen graech efkes langer praet oer dy echte fryske humor. Hwent hwet koartswyl — ef né, ik siz döchs al sa Ijeaf humor, al moat ik my den mei in frjemd wird bihelpe, — hwet humor einliks is, witte folie Friezen net, sa't liket. Hwerom laitsje se hjar oars slop om de leffe forhaeltsjes en de rouwe, grouwe grapperijen dy't ytlike

skriuwers en foardragers opdisse?

Der scille ek wol güds fen myn hearders fornomd ha, det ik neat sein hab oer de dichterlikens fen us folksaerd, en it dichterlike yn üs sprake. Det ha 'k litten om twa dingen. It paste foarearst net al to goed yn dit praetsje, det oan 'e luftige kant bleaun is, en den ha 'k der ek to folie oer to sizzen om der my sa koart óf to meitsjen as