is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Pikeman op frijersfoetten.

i.

As men ris Piter Pikema hjitte, ünder 'e miette wier en hwet bryk op 'e skammels stie, scoe 't al tüzen om trettsjen wêze, as de minsken yen gjin Pikeman neamden; de greaten as men fier óf, de jongen as men tichte by is.

De Bjirkumer postrinder stie bryk op 'e skammels, wier finder 'e miette, hjitte Piter Pikema, en waerd dos Pikeman neamd. Mar hy sette der just gjin tarring fen. Hy liet it stil oer him gean, as de bern röpen • „Dêr komt Pikeman oan!" Op 't alderslimst drige er mei syn

gongelstok, en sei: „Blllikslagger " — det wird laei him yn 'e

müle bistoarn, — mar folletiids bearde er mar, det er neat hearde, en gyng floitsjende-wei syn wegen.

Ja, det floitsjen fen Pikeman — nou! Dêr wier er fen fierren al oan to kennen. Det hied er wakkere hiem. En hy floite der mar net sa hwet hinne, dy deale né, hear! Der siet methode yn, plichte master Ysma fen Bjirkum to sizzen, en dy hie oer soks in goed oardiel. Sneins bygelyks wier 't alde earnst; den hearde men oars net fen Pikeman, as salmen, mei inkeld ris in Moody- en Sankey-lietsje der by lans. Stie de flagge op 'e toer, den floite er 't Wiens-Neerlands Bloed, ef Piet Hein, ef De Watergeus stoet foar 'e Bri...i...iel. Ek wol: Wij leve frij, wij leve blij, op Neerlands dierbre grond. Nou, Pikeman hie in frij libben, tominsten as 't arbeidzjen twisken fjouwer mürren unfrijens is. Hy wier ommers altyd by de wei!

Mei kald, skrousk waer koe 't swiersettige de boppetoan wol ris habbe yn syn deuntjes. Mar det wier net malle faek, hwent Piter