Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as hy, Piter Piters Pikema, de postrinder fen Bjirkum, en al net sa jong mear, üt to meiden gyng. En as er ris op 'e blauwe kêdde nei hus moast, — det hied er neat yn 'e rekken, mar me koene 't faeks net ris witte, nou? — den wier 't al sa goed by tsjuster as by ljacht.

De fréze for det léste wier al ien mei fen 'e foarnaemste reden, det er der net oer gear kaem om syn léste kaert op to spyljen. Hy hie yn 't foarige al sa folie tsjintribelingen hawn op 't frijerspaed, dethy leaude skraech oan syn eigen lok.

Sa gyng det de hiele simmer lans. De blêdden oan 'e beammen bigoannen al fiks to gieljen, do wier er yette net üt 'e rie.

Ien ding dér forwündere er him altyd oer: det broer en sister inoarren sa faek skreauvven. 't Is wier, hja wieme mar togearre, mar alle wiken in brief, det wier döchs slim; hy hie 't yet nea net oantroffen det bern üt ien hüshalden sa oaninoar hingen. En 't skoerde net üt, hear: wyks grif ien, — oer en wer, hwent like faek as er ien brocht, krige er ek ien fen Ymkje mei «Aan den heer Watse Grondsma a/d boterfabriek te Wijtgum." Jamk hied er al ris tsjin hjar sein: „Jimme skriuwe den mar bare drok," mar hja sei dér nea net folie op werom, en hie ek wol ris in kaem krige, as er det sa sei. Hwet stike dér efter? It wier döchs hjar broer mar? Det wiisde de namme üt, en hja hie seis ek sein det hjar broer ta masjinist learde op 't büterfabryk to Wytgum.

Det der mear hüntsjes binne dy't Blom hjitte, en det sims op 't selde plak, kaem net by Piter op.

Mar hy scoe 't gewaer wirde.

Op in kear det er hjar de deis foartiid wer in brief brocht hie, brocht se 't praet üngemirken op hjar broer, en sa njunkelytsen op büterfabriken yn 't algemien. „Hwet tinkt jo," frege se op 't lést sa by de noas lans, „scoe 't der swier yn hingje om in direkteursbaentsje to krijen oan sa'n lyts fabrykje?" Nou, Pikema sei, him tochte fen net. Earst sloech er dy frage ek net folie acht, mar op 'e weromreis kaem 't him wer yn 't sin, en do wier 't him yn 'e wei det se't frege hie, hy wist seis net rjucht, werom. De hiele dei roan er dér oer yn prakkesaesjes; it woe him nin amerij forlitte.

Sluiten