Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

En hwet nou kaem, wier in tige tobekset for üs lytse post, dy t

better lot fortsjinne hie.

De oare deis hied er al wer in brief for Ymkje, net ütWytgum, mar wol deselde ban fen skriuwen, oan 't adres to sizzen Det die him bare nij, en ek det dit brief sa gau op 't foarige folge. Do't er it oerjoech, merkbiet er, det se oerible nijsgierrich wier, en hastich. Hja die 't hjar amper oan tiid om him yn to hjitten, en forgeat de süker yn 'e kofje. Do briek se it brief mei rimpene fingers iepen. Skraech hie se de earste ryglen lézen, ef de sinneskyn fen in blide tiinge kaem op hjar wêzen. Hearkin, hwet seach se blier, de post hast al to blier. Hoffer lok, dêr't hy neat oan tadien hie, brocht det brief hjar? Hy frege, mar der laei bangens for 't andertynsynfrage, en syn lüd üntkaem him hast: „Sok goed nijs? Hat jou broer faeks

in goed plak krige ?"

„Né, myn neef," andere Ymkje; „dy is nou direkteur wirden

fen 't büterfabryk to Boarnsterwyk. Hy wier oan distiid ta earste

bütermakker op 't selde fabryk fen üs Wytse en wy forkeare

togearre, sjuch!" Yn 'e blidens fen hjar herte flapte se der alles üt. Hja wist ommers ek net, det elk wird de lytse post troch ieren en sinen gyng. Hja hie altyd frjeonlik tsjin him west; hja wier in float, det laei yn hjar aerd. En dêrby: it wier de post; hy brocht hjar brieven fen him, — det siet der ek wol hwet efter, det Pikema by hjar in fintsje mear hie as in bears.

De siel siet forwezen op in ald kokenstoel, en wier net yn steat oars hwet üt to bringen as in langütritsen o, dy't op 't lést yn in swolch kofje fordronk. Party minsken dy't rimpen to-wekker skodde wirde üt in moaije dream, en hjarren 't leeddragen net skine litte meije, taeste nei in ding det to brüken is as symboal fen ünforskilligens. Meastal helpt it nin byt; ja, wol gau ris tsjinnet it krekt ta biwns fen det, hwer't men efterhalden mei is. Pikema krige syn bakje „troast" üt it bledtsje, — en siker, al foun er der nou just net folie treast by, hy spile it der tominsten mei klear, det Ymkje neat fen

syn forsleinens mirk.

Do't er wer op 'e dyk roan, woe der himsels wol mei fusten

Sluiten