Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— ik hie der mar in bytsje sin oan om nei domenys ta Detiid, dy't ik forütfenhüzje, ha 'k oan 'e fréde tawijd, en mei orthodokse ljue tsjier ik altyd sa gau, binammen mei in foargonger. Mar it spilmoast syn gerjuchtichheit habbe; in dei-twa neitiid joech ik domeny en de pastorije de eare dy't hjarren takaem, en skille oan 'e doar fen 'e léste, om de earste op to siikjen.

De faem die op. Ik koe hjar net, mar ik seach wol, det it net ien by uzes wei wier. De Gaestmarder frouljue habbe in blier wêzen; hja laitsje al fen fierren, en hjar roune wangen dêr hat de natür fen it wetterlan sa'n ynmoaije kleur op lein, det men der suver yn bite scoene. Dizze jongfaem seach lykwol as trije dagen smoarch waer; hja hie in geizige, mitige troanje. Ik skatte for 't neiste, det it in stedske wier.

„Goêndei fryster," sei 'k. „Ik scoe ris by domeny sjên."

— „Dach!" andere de fryster. Hja roan de gong in foech eintsje yn, makke hwet trammelantsjes op 'e keamersdoar, die dy iepen, en sei, mei de holle yn 'e keamer en 't gat yn 'e gong: „Domeny! daer is minhear H. om domeny te spreken!"

— „Laat mijnheer maar binnen!" klonk it üt 'e keamer wei.

„Minhear?" tocht ik yn mysels. „Scoene de ljue hjirfaeks miene,

det ik jiers in pear tüzen goune fortsjinje mei fiif dagen fen 'e wike neat üt to setten en de oare twa mei 't oerskriuwen en foarlêzen fen in alde preek to siik to bringen? Den binne se net op 'e hichte!"

Ik hie oars grif yette al mear yn mysels tocht, mar de faem loadste my de gong troch. „Domeny seit dat minhear mut maer in 'e kamer komme," sei se.

Lezers, ha jimme al ris op audjinsje west by de iene ef de oare hege ome, bygelyks by ien fen 'e ministers? Men hat den sa'n skrousk, forklomme gefoel oer yen; 't is krekt as siigt it yen üt alle hoeken en hernen tomiette: üt 'e stimme en de klean fen 'e lakeijen; üt 'e holle stiltme fen 'e greate seale dêr't me yn wachtsje moat; üt 'e kalde, effene troanjes fen 'e minsken dy't mei yen wachtsje; üt 'e bank dêr't men op sit; üt 'e glêdde estrikken dêr't me yens foetten hast net op delsette doar, koart sein: üt alles. — Nou, yn 'e pastorije

Sluiten