is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

hjar namme neamde. Hja seach my oan as in snijer, en röp defaem, sa't hjitte om in heal-stoatersk boadskip, mar yn wierheit om my ris efkes hearre to litten hwet dy tsjin hjar sei. Nou fensels, do bijiffere ik hjar fierders sa faek as 't koe. It wier jiffer foar en jiffernei. Itgyng domeny op 't lést to bot; hy troaide hjar ta de keamer ütominskjin befke for him ré to lizzen. Seis hie se der nin krüm fen mirken det ik it net earlik litte koe om hjar yn 'e maling to nimmen.

Eft it dêr nou om wier, ef om hwet oars, det doar ik net sizze, mar domeny bigoan oan myn opfieding to arbeidzjen. „Wel H.!" sei er, sa'n dripke fen boppen del, tocht my, „u blijft maar altijd door Friesch spreken; dat verbaast mij. Me dunkt toch, u zult in de zes jaar dat u te Haarlem woont, wel zóóveel Hollandsch aangeleerd hebben, dat u er zich behoorlijk in kunt uitdrukken, nietwaar?"

„Nou scille wy 't ha," tocht ik. „Aenstouns nimt er my ek yette geweken om't ik nin Gryksk en Latynsk ken." Mar ik andere, gaubiret: „Ei ja domeny, det skikt oars wol. Mar as ik yn 'e Oaestmar en by fryske minsken bin, den forpof ik it sa wyt as süpe om heechHaerlemmerdyksk to praten."

Do seach er my al hwet gleon oan, for in man des frédes. Hy hie fêst tocht, det ik foartynienen bilies joen scoe, en nou foei myn andert, det ek al hwet foars wier, him net folie ta.

Ik sei tsjin mysels: „Dou meist him syn sin wol jaen, oars koe't bargebiten wirde!" mar ik koe 't dóchs net litte om him teffens yette in rüker to jaen. Ik forfette:

„Maar, dominé, als uw Friesch aan de academie zoek geraakt is, en u me moeielijk verstaan kunt, dien ik voor 't oogenblik m'n stelregel te verloochenen en ... ."

— „Och nee H.!" foei er my yn 'e reden, en hy waerd min efte mear forlegen, like my ta, „ik versta u natuurlijk heel goed. Dat

gaat er zoo gauw niet uit. Maar och, wat zal ik u zeggen —

weet u, ik hoor liefst zoo weinig mogelijk Friesch, en 't zelf spreken

gaat heelemaal niet. Men wel, om u de waarheid te zeggen, men

vergist zich zoo gemakkelijk op de stoel, weet u! En dat maakt zoo'n vreemden indruk!"