Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hy, ik bidoel de baes fen myn kofferke, en sadwaende mysels, — nou, ik den, hie üs heit-en-dy, en üs heit-en-dy hiene my soun en goed werom sjoen. Mem sei wol, det ik hwet smel om e kaken wier, mar dêr wier 'k al ta wend. Det seit hja altyd as ik thüskom, en ik wird der neat net raer mear fen; ik leau ek, it is allinne hjir mar om, det se in fjirtsjen dagen neitiid, — hwent salang ütfenhüzje ik ornaris oan ien stik, — wer sizze kin, det ik der in ein better ütsjuch as do 'k thüskaem. Det makket it öfskie sa 't liket hwet lichter. Memmen binne sa.

Nei't ik my de Sneintomoarns fensels earst forsliept, do op syn elf-en-dertichst hwet opkreaze, enfierdersitmoarnskoftforkofjedronken hie, krekt sa 't heart for immen dy't jiers mar ienris in skoftke thüskomt, wieme wy mei syn allen om 'e tafel skikt, en hiene de mage hjarres taparten. Mem sei det ik sa'n bytsje iet, — in tajefte op 'e meagerens fen 'e jouns to foaren, en in ding det üt itselde foartkomt. As ik in deimennich thüs oan 'e krêbbe west ha, yt ik wer as in poep, altyd neffens üs mem! — en heit fornaem der ris nei hwet wy to Haerlem, ünder tsjinst, krigen, en skodholle do't ik sei det ik it fakernöch seis net rjucht wist. Us Lolke, dy't him dyselde winters oanjaen moast, en sloadderige graech moalkost mei, woe perfoarst witte eft de soldaten wolris poatstrou ieten, — dêr't ik né op sizze moast, en üs lytse Nynke frege my „eft se ek wiven hiene," al wer in ding det ik net bifestigje koe ef doarst. Do praette Lolke al fen in ramplesant,

hwent it scoe heit mei in feint ek hwet óffalle en Nynke frege

der fierder op yn, hwa't den it soldate-iten sea. Dêr't myn biskie op wier, det ien fen 'e soldaten seis soks opknapte. Dêr't Nynke fen tocht „det ik it der mar om sei, hwent det in soldaet ommers net sjên koe, honear eft de ierpeis nóch wierne." Dêr't ik wer op andere, det soks der ek net sa lyk op oankaem — it iet wol. Dêr't mem op sei, det it in moart wier, en det it hjar oan griisde.

Sa wierne wy njunkelytsen sêd wirden en oan 't bibellêzen takomd. 't Is by üs folk in stiiffêst brükme, det üs heit middeis nei iten in kapittel üt 'e bibel foarlêst, en det dêr tige opmerksum nei harke wirdt. Güds dy't by dizze léste rygle-twa sahwet kaldgnyskje en yn 'e forbylding binne det der, as ik thüs bin, dóchs altyd ien is, dy't net goed

Sluiten