Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

learde man! Och och, hwet is 't langer binaud! It Onzefader yn 't Frysk!»

Al hie 'k in toga oan hawn en in siden klotske op, ynpleats fen in jas mei glêdde knopen, it scoe nei dizze wirden like goed bliken dien ha, det ik gjin abbekaet wier. Hwent ik siet forlegen om in andert en det sit in abbekaet ommers nea net. Ik swei, en det net om't ik bang wier, det mem myn andert faeks net forneare koe - hja kin alles fen my forneare, sünt ik om utens tahald, - mar om't ik sa

gau net wist hwet ik sizze scoe.

It wier efkes tige stil; men koene in spjeld fallen hearre.

Mar do kaem it andert fen in kant, dêr't nimmen it wei forwachte hie, ik yn 't alderminst net. „Hea mem!" sei Nynke, en hja seach sa ear'nstich, sa earnstich, det ik der om glimkje moast, - „Hea mem! forstiet üs Ljeaven Heare den nin Frysk?"

Sünt dy Sneintomiddeis det Nynke my sa mei in biret andert skewielde, is der al wer gans hwet tiid forroan, en folie is der ek foroare. Heit hat in Ewangeelje van Matthewes koft, krekt as mines, en hy lést der faken in kapittel üt foar, sünder det mem der by sit to skodholjen. Hja tinkt nou hwet oars oer domeny Joaste wirk. Myn aldste sister is yn'tiid troud; dy seit ek wol gau ris it kapittel op, en dêr is den nin wird Hollansk by, det kin myn sweager bitsjugje. Lolke lotte frij; sadwaende hoefde er net mear bang to wêzen, det hy net fakernöch poatstrou krije, en det it üs heit mei in feint hwet Öffalle scoe. Lytse Nynke is njunkelytsen in greate Tryn, en in greate wyldepüst wirden. Bijke moat nou it bonkebihimmeljen oan oare hounen oerlitte; syn gebyt bijowt hitn stadichwei. Mar hygranzetyet allike faek, — dêr't ik yetteris de lankmoedigens for ynrop, om t er mar in houn is. Ik seis bimasterje myn lansljue tsjinwirdich mei drankjes tsjin 'e moadegoarre, dy't wol helpe scoene, as de pasjinten mar fen op tiid ynnimmen wisten. En, einlings en to'n lesten, myn kofferke is al lang ta foetten üt. Ik ha 't weismiten om't it ald wirden _ en efter 'e moade rekke wier. In oar giet tsjinwirdich utfenhus mei in taske, en mèn wol op 't lést ek net minder wêze.

Sluiten