Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

allegearre yn hollanske brij biret en him mei in hollanske leppel tapijd. Kokhalzjen joech him nin byt, — it moast der troch. Dy't soks nou fortarre kin sünder der oars noch oars fen to wirden, dy is spekkeaper. Mar de measten binne sa sterk fen ynhouten net; hja strüpe der wol net foar op, mar hja bigjinne njunkelytsen sa oan det ivige Hollansk wend to reitsjen, det se der yn bihirdzje, enoarsneat ha kinne. As sa'n ien den letter de geast mient to krijen, en him oan 't Frysk skriuwen jowt, den kin der ommers nin rook noch smaek oan syn tael wêze? Hy tinkt yn 't Hollansk, det is sa klear as in kluntsje. As in earme lüsangel ris yn in rikeljueshüs to wenjen kaem, den scoe syn earmoed dübeld en dwers oan 't ljacht komme, hwent hy hie fensels nin jild om 'e hannen om der him nei to klaeijen en to skoaijen, en 't hüs fen binnen yn oarder to krijen. En as immen, dy't yn 't Frysk net iens mear tinke kin, syn tinzen döchs yn dy tael uterje wol, den is er der like tsjoed oan ta as sa'n earmoedsaeijer, oars?

In hopen goede Friezen skriuwe brieven yn in soarte fen Hollansk, dêr't me fen bisaut. In deimennich Iyn krige ik ien fen immen, dy't ik safier net krije kin, det er my yn. üs eigen tael skriuwt, ja, dy't it mar sa matichjes fen my op kin, det ik it him wol doch, — en yn det brief kaem ünder oaren dit foar: „Ik ben van't winter nog niet toe de deur uit geweest, omdat ik ben so aangehaalt met de griep."*) Mei üs letterkindige sabeare-Fries is 't rjucht-oarsom. Nim ris oan det er itselde to fortellen hat as Hildebrand earne yn 'e Camera Obscura: „De deur ging open en er trad een welgedaan heer binnen." Sünder him ek mar efkes to birieden, ef him tominsten in lyts krisseltsje to skamjen, scil er it sjê-sa dwaen: „De doar gyng iepen, en der trêdde in wolgedien hear binnen."

Tige moai, 'nt wier? My tinkt, it is hast krekt sok Frysk as it sleau praet fen Hidde' Hylk Hollansk wier. Det wier in arbeiders-frouminske oan üs kanten fendinne; hja hie in fearnsjier to Harns wenne, en do't se wer yn 'e Gaestmar kaem, stelde se hjar oan as hie se jierren oanien

*) As ik, dy't hjir nou al njuggen jier yn Haerlein tahald, moarn de dei by dy man kaem, en him yn 't Hollênsk oanspriek, den scoed er grif sizze: „Skeelt it dy yn 'e plasse? Tink der om hwerst fen ütbret bist!" Dit inkelde stealtsje teikenet moai lyk trije-fjirde part fen 'eFriezen, dy't der op dit stuit libje.

Sluiten