is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

üs sabeare-Fries net oars kin! — by 't Latynsk ünder 'e pantoffel, en det hat syn Hollansk net moaijer makke.

Ik ha nou twa soarten fen skriuwers bispritsen, dy't mar ljeaver ophalde moasten. om't hja net manskernöch binne, en ek net manskernöch wirde scille om üs goed Frysk ünder 'e eagen to bringen. Der binne ek yette güds dy't folie better koene, as se mar woene, — mar dy't der hjar net genöch op ütlizze. Goant noch ta, minsken! leau döchs net, det it skriuwen fen in stikje Frysk krekt sa'n kreweike twisken kofjedrinken en iten is! Gysbert Japicx sliet allike heech as Vondel, al wier 't „mar" Frysk, dêr't de ald Boalserter syn tinzen yn joech. De beide broerren Eeltsje en Joast kinne bést munster je tsjin Beets en oare forneamde Hollanske dichters en skriuwers, al wier 't „mar" Frysk, dêr't se sjongende en skriuwende for opkamen. Mar Gysbert noch Eeltsje ef Joast hie 't ea sa fier brocht, as se hjar net op hjar memmetael ütlein hiene, — det is to sizzen: as de foarste yn 't skoalhüs, de oarde by de pillen en de léste yn 'e pastorije bleaun wier. Hja habbe harke, ear't hja seis hwet seine.

Immen dy't praten leare wol, moat it fen öfharkjen ha. Dêrüt folget fensels, det immen dy't hwet skriuwe wol, earst ek harke habbe moat. En as men Frysk skriuwe wol en men wennet to fier fen syn ald heitelan óf om harkje to kinnen, den moat men hinnegean en lear in mennich fen Gysbertomme moaiste dichten, — b. g. „Tsjeskmoars sé-eangste," — de „Rimen en Teltsjes", en fierders de stikken fen Walingom heal fen büten. Det is goed foar yens stylfoarminge en forriket yens wird-eigendom. Sa scil men de djippe slodzen misrinne, dêr't de letterkindige sabeare-Friezen oan 'e hals ta yn weisakke kinne, en hjar lêzers nei ta loadse. En den is men it hoekje to boppe.

O dy letterkindige sabeare-Friezen! dy biskriuwe hwet! Ik wol graech oannimme, det hjasels faken sa gjin erch habbe yn hjar kwael, mar hja meitsje it spil fen aeijen as men der yen net for hoedt, sa is 't mar. Hwent hja ha lêzers; hjar stikken wirde ornaris net oerslein. Hja skriuwe jamk moaije stikken yn 't Hollansk; scoene se den stean foar sa'n bekjefol Frysk?

— Sa wirdt der tocht. En den binne se troch 'en tiid ek ja sa