Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

V.

It Frysk op 'e skoallen.

Dóve prikken. — Hwer't üs bern it Frysk wei leare moatte. — In rymke der by lans, mar det der dêrom net by lans is, neffens de skriuwer syn bitinken. — Ho swier eft it der yn hinget, om krekt üt to byldzjen hwet men seis seit. — Ho't bern skriuwe scille as se 't goed kenne, en hoffer Frysk wy den fen hjarren op 't papier krlje. — lt algemiene Frysk is der al, hoeft net mear opboud to wirden üt üs tongslaggen. — ln oantreasting.

„It Frysk op 'e skoallen!"

Dy leuze is mei mear sokken de branje dêr't wy nou al in jier twa trije üs stridersfjür mei oanhalde en üs klomske moed by waermje.

„It Frysk moat op 'e skoallen leard wirde, den wirdt it better ..."

„len wird fen master docht mear fortuten as tsjien fen'e alden ..."

„As üs bern Frysk léze en skriuwe kinne, bliuwt hjar memmesprake der better yn, hwent den kin 't Hollansk noait sa folie fet op hjar krije as nou..

Goai ien fen dy prikken op 'e hird en de loge slacht oan 'e balken ta. Mar 't is wol spitich det der sa'n bytsje helm yn sit en der mei gauwens neat fen oerbleaun is as in heap yeske, dêr't hwet gleone houtspranken op omdounsje.

Soks hat men fen dove prikken.

Hwent det binne 't. As wy wachtsje scille op 't Frysk-learen op skoalle, den kinne wy by-'e-tiid wol ald en to'n ein, ha 'k soarch. It is der foart net oan ta. Dêr moat mear krêft efter, as 't freegjen fen inkelden; de folkswil moat de rêch der ünder sette! En dy is swier to rissen, dy wol hast net üt it alde sté.

Dy moat oantreast wirde, det is üs neiste wirk. Wol it folk net mei-freegje, üs freegjen allinne scil net jaen. En al scoe 't jaen, as de bern hjar alden it nut der net fen ynsjugge, scil 't skoallefrysk net folie sjedden oan 'e dyk bringe.

It is net wier det ien wird fen master mear jowt as tsjien fen 'e alden. It is net wier det master de bern heit-en-mem-sizzen leare scil yn hjar skoalgongerstiid, as de alden hjar yn 't fader-en-moeke-bigryp opfied ha. Sa't in alder syn bern went, sa binne se. Ik wit güds, dy't

Sluiten