Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Nou moat it bern ien fen trijen leard wirde, seit Schepers: eachtêch ef eech. Dêr bin 'k it mei iens; it leit der mar oan hoffer. Defoarm, dy't er seis brükt, seit Schepers.

Soa, den moatte wy leare om elk syn eigen tongslach to skriuwen? Biskóget Schepers dit as in binnepaed nei de greate wei, ef wol er ha, det dit de greate wei seis wêze scil? M. o. w.: moatte de bern letter yet leare it algemien Frysk to skriuwen, ef is 't sa al moai?

Yn 't earste gefal neatn ik it binnepaed in omwei. En yn it oarde

Hawar, hwet wy krije stille as dèt trochgiet, dêr ha 'k gjin rjucht bigryp oer. Gans beammen en gjin bosk. In bulte priemmen en gjin jern. !n klok sunder wizers. Wynaeijen. In brodske leap op ierpelkoaijen. In dei sunder nacht ... ef oarsom. Fen alles hwet en dóchs neat. Skaed hwer is de man.

Siikjen is swier wirk for immen dy't leaut, det er nea nin folie

goeds fine scil. Ik jow 't op.

Lit üs nou ris efkes beare det it safier is as Schepers it ha wol. Wy binne yn 'e skoalle by master Dykstra — in soan fen Walino-om — hjir by uzes to Nijehaske. Dy hat, stille wy oannimme, de bern goed ynprinte det se hjar eigen wirden, hjar eigen klanken skriuwe moatte, nou't se oan 't opstelmeitsjen geane. En sjêdêr: det kinstke kinne se sa krekt, det men bisaut der fen. Eare oan sa'n master, dy't in skoalfol bern fierder to krijen wit, as it Heger en Middelber ünderwiis en jierren oanien omgean mei de tael, mennich dichter en skriuwer!

De Skanster bern — de Skans is it Noardwestlik part fen Nijehaske en Nijehaske is einliks 't Noardwestlik part fen 't Fean! — skriuwe sinnen as: „Ik hè myn sneinze huzzen an." (De tuksten skriuwe oan; hja hearre yet de o dy't yn det wird de a in oare klank jowt as er oars ha scoe foar in n.) „Dat wok net lowe." (Ien dy't troch 't tuke hinne is, skriüwt lo-e.) „Sok no mar is ophade fan skrüwen?" (Dy tüke skriuwt skrü-en).

In mennich bern binne forline Maitiid üt it Mar wei to Nijehaske to wenjen komd. Dy skriuwe: „Hijthet mij slijn."(De efterlikste yn 't harkjen skriuwt heet en steen.)

Mar dy bern, dy't dêr jinsen mei de finger op sitte, hwet binne

Sluiten