is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

det for güds? Master lukt de foarholle yn falden en freget mei de

eagen hwet der oan is.

(Yn koar): „Meester, wat moete wij nou skrive?"

Snoade kopkes, dy spes patriae üt it Süd-eastlik part fen Nijehaske, det sa ien is mei 't Fean, det der yn in hopen hüshaldens al Feanster Hollansk(l) praet wirdt. Hwent hja bigripe samar üt hjarsels det master fen hjarren nèt ferget det se hjar eigen wirden, hjar eigen klanken skriuwe scille. Op hjar laei stiet net: „Moeke het mij sloegen ef „lk hè fader froegen ok met 'e kynders mocht te speulen, maer hij het seid fan né!" mar neat. Hja easkje fen master det er hjarren Frysk jaen scil om to skriuwen.

Mar hoffer Frysk? Sines? Ef 't Skanster? Nou, det léste scil hy nou wol kenne, hy is der hjir langernóch for. Mar mei syn ündermasters, dy't hjoed scil 'k mar sizze fen Stroobos binne en moarn licht fen Staveren, scil 't der wol oan ha. Ef moatte de bern it Frysk ha fen det boekje dêr't Schepers ek fen praet?

Bidoeld waerd it taelboekje det de hearen Postma en De Clercq gearstalle scoene, en det der sünttiid komd is.

1907.

Hea ja, it Frysk fen det boekje, hoffer sines scil det wêze?Waling Dykstra sines? Schepers sines? Mines? Ef det fen uzes mei-inoarren?

Master freget ho't er oan moat my dy forstêdske Nijehasker bern. En ik freegje, eft it Schepers nou ynmoed is, det de Gaestmarder master de Gaestmarder bern hélendoch for hielendal skriuwe litte moat en gund for gien en rund for roan ef roun, om't hja ta dy foarmen biwend binne? En det de Grouster by fuer swarre moat, ynpleats fen by fj&r en de bern welke skriuwe litte for hoffer ef hokker ef hokfor ef hokforren ef hwet-kin-t-my-skele-as-t-mar-Frysk-is ?

Dit léste is mis. It kin my wol skele. Dy foarmen hélendoch» gund en rund en al sokke mear binne ommers ek Frysk. Mar my tinkt, it ünderwys moat him üt 'en rügen skikke nei üs literatuer, dy't njunkelytsen moai dudlik merke litten hat, hoffer foarmen hja for kar nimt. Det soks wol sünder slaefskens kin, leau ik grif.

1907.