is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

en wer praet wirdt oer 't greate fraechstik hwet men inoarren by 't drinken tawinskje moat: proast (mei britsen klank) ef proast. *)

Mar yn gewoane selskippen kin men 't 1° sa fier net krije, scoe 't 2° ultra-sportfriezich (d. w. s. oanstelderich) wêze en lestich op 'e keap ta en wier 't 3° heaterskjen, al koe 't. Hwent net sa'n inkelde joun, mar de dagelikse omgong regearret de minske, yn dit stik fen saken like goed as yn alle oare dingen.

As skipper Vlieger dos freget hwet der dien wirde kin tsjin det Hollansk praten yn 'e fryske selskippen om utens, den anderje ik: neat; tominsten in forbaesd bytsje. De measte leden fen sa'n selskip binne sportfriezen en scille it bliuwe. It is for sokken for in kear ris aerdich wer Frysk to hearren en mei in inkelde goêkinde Frysk to praten, mar det is alles hwet se fiele for de saek en mear is der ek net fen hjarren to fergjen. Bern, dy't yn Hollan greatbrocht wirde, leare noait goed Frysk, al scoene de alden it der mei stokken yn slaen wolle. Salang as se mem yet oan 'e skerldoeksbannen hingje, kin 't gean, mar as men se oan 'e skoalle en de striette oerjowt, scoe 't döchs foart mis wêze, nou efkes der buten litten det de measte fryske alden om utens seis Hollanners fen hjar bern meitsje, somliken om't hja witte, det se der döchs gjin Friezen fen krije kinne, oaren (de measten) üt Hollanderij.

Ik ken mar ien Fries hwaens bern, howol se yn Hollan hikke en tein binne, döchs Frysk prate. „Mar 't is der den ek Frysk nei," hat dy man ris forteld. „Hja sizze bygelyks pealing ynpleats fen iel...

1907.

Mar as 't is, lyk as jy sizze, hwet hat men den einliks oan sa'n frysk selskip om utens, scil der frege wirde. Den jowe se üs neat yn 'e striid for 't Frysk!

Ei ja wol, minsken. As jimme det nou yn ienen miene, giet it jimme krekt as 't my ris gien is do't ik sa'n jonkje wier. Ik plichte wol ris in sint to krijen as der in boer mei de glêzewein de reed delried en ik de hikke for him opdie. Dêr wier 'k den jimmer tige mei

*) Wier bard.