is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ungelikense folie mear wille ha wy lykwol fen 'e selskippen om utens as tiidlike ljirreban for 'e jonge Friezen en Friezinnen, dy't üt Fryslan wei geane en letter werom komme. It selskipslibben haldt hjar herte waerm, ja makket it waerm as 't faeks kald wier, for heitelan en memmetael. Forskate Friezen binne sa al for Fryslan biwarre bleaun en by mennich fryske strider hat de omgong meiinoar fen Friezen yn 'e frjemdte it dien det er üt it ünforskilligen-kamp weiroan is en nou yn 'e foarposten wekket.

By my bygelyks.

Ik fiel my in bern fen 't frysk selskipslibben om utens; bern fen „Gysbert Japicx" to Haerlem foaral. Ik hoopje det det libben aloan krêftiger wirde mei! Al wolle der op 'e frjemde groun for de minsken oars hast net bloeije as blomkes fen oantinken, dy blomkes ha hjar wearde ek for each en herte, ja dübeld!

Myn groetnis oan alle sportfriezen dy't om 'e omstandichheden oars net wêze kinne as det! Mei men yn hjar selskippen in bulte hearre en sjên det net echt is, lizze se faek houten aeijen foar 'e glêzen, (net smoke!) — hja dogge dóchs ek hwet se kinne!

't Hearenfean, 1903.

VIII.

It sportfriezendom. (II).

Dokter seis net al to goed. — Skoalleboartsjen. — Dy jonge fen Freark Ulbes. — Frysk boartsjen. — De skriuwer haldt in preek mei de finger yn 'e hichte, praet him njunkelytsen lilk, wol güds forjaen, en rédt him op 't lést mei in stik galge-humor, ef gallige humor, hwent det is 't selde. — In frjemde ynprinting. — Oer güds dy't it hwet to fier driuwe, en oan 'e oare kant net fierdernöch. — „Oan 'e Wol Eale, Sear Learde Utert,

Ynskedé en Wynskoaten. — De preek wirdt net tapast; det is to sizzen: de skriuwer lit it oan 'e lêzers oer. Det kin 't selde ek wolris wêze