is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

De sportfriezen om utens scille net sizze kinne det hjar drankje min yn to nimmen wier. Der siet genóch hanys yn. As ik sjuch det der neat mear oan to dwaen is, jow ik middels for forlichting fen pine. Dit wier nou sa'n gefal en ik hoopje det de pasjinten my tankber wêze scille.

Eft de sportfriezen yn Fryslan ek üngeneeslik binne, wit ik net. En dêrom is 't myn plicht om oan to nimmen fen net en hjarren hwet ré to meitsjen, det de kwael oantaest. Mocht dit twade sportfriezen-drankje dos hwet bitter op 'e tonge wêze, it is üt goederbêst. Ik tink der seis ek fen yn to nimmen, om't, ik bin Ieau 'k by tiden ek net frij fen sportfriezerije. Lit dit ünpasjintige ljue ta treast wêze.

It sportfriezendom yn Fryslan.

It mei my yet skoan tinke, det ik as in jonkje fen in jier ef seis saun mei oare bern boarte op ien fen 'e skieppepöllen, dêr't de Gaestmar fen gearhinget. Wy sieten den wol yn in ring yn 't gêrs; ien stie yn 't midden to wiispraten en baude sa goed er koe lytse master nei, — lytse master, sa neamden wy de kwékeling, dêr't wy, sa 'thjitte, yn skoalle op 'e tiid üs wiet en droech oan geastlik foedsel fen krigene. De oaren seine lêsleskes op, songen „Aan d' oever fön één snelle fliet één treurig maisje söt, sij weende en skraide fön ferdriet hèt gros fön tranen nöt," ef moasten bar oan bar üt 'e holle rekkenje. Ut en troch frege der ien mei de finger nei de wolkens: „Meester, makkesevenuit?" en det waerd oanskroefd ta: „Meesterik moetsonodig" as de freger ef freechster foartdaelk gjin permisje krige. Master sette ek wol ris ien yn 'e hoeke. Det gyng altyd tige faderlik: „Uilkje jo moetemaris inne hoek staangaan," — en den gyng Ulkje gewillich buten 'e ring stean by in pöltsje gêrs ef sa, det foartiid ta „hoek" ütkard wier, mei de rêch nei üs ta, wyls't hja de skerldoek foar 'e eagen hold en sabeare tige moeilik wier. By 't ynkommen stie master by de doar — it pöllehikje — en fielde de jonges ien foar ien oan 'e foetlingen, eft se ek wiete foetten hiene. Dy't se hie, krige in rabblemint. De greatste en sterkste jonge wier altyd master