is toegevoegd aan je favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

'e iene ef de oare menear yn 't bisünder fortsjinstlik lykje to meittsjen for 't Frysk, ek yet sokke boarters stykje. Sokken . .

Ei ja, sokken scoe 'k ek wol forjaen kinne!

Sien je, min kan in 't Frys noch ris wat segge. dat min in 't Hollans swije mut!

♦ * *

Och hea né, ik scil de Friezen der net swart om oansjên — en dér scoene se boppedien de gek mei ha, tink 'k as se hjar moaiste wirden it iene nei it oare foartgoaije wolle en nim der gloednije ef healsliten hollanske for yn 't plak. As wiif hjar to bot en to rou klinkt, den mar frou. En for pake en beppe en heit en mem mar groatfader (ef opa) en groatmoeke (ef omoe ef opoe ef. . . oars hwet, ik wit net sa lyk hwette, mar ganz nach belieben,) en fader en moeke. En for omke en moeike, oom en tante. En sa mar foart. Ef: ensofoarts, ek al bést. Hja mei je hjar om myn part sêd hollanderje; nou, rommer kin 't döchs net. Der hwet tsjin ynlizze jowt döchs gjin grevel, ha 'k yn 'e rekken; tsjin it sleau gedoch fen inkelden is hwet tobigjinnen, mar it bidoarn taelgefoel fen in folk is minder as in dronken skutter. As men dy hjoed in bytsje op tiid üt 'e goate fisket, kin er moarn it faderlan wer fordigenje sa goed as 't him leard is. Mei in taelgefoel lykwol, det ienkear yn 'e pogge is, is 't gjin masterjen gelyk.

Gean jimme gong mar, Friezen! Ho't jimme ek hoogsproke, dêr scil altyd wol in soarte fen taeltsje bliuwe det gjin Hollansk is, hwent hwet jimme fen oernomd Hollansk to meitsjen witte, dêr scoe seis in Ingelskman him oer bisauwe.

Mar wêz den sa earlik en hald de wirden, dy't oars ta weismiten keard binne, net oer om dêr op „fryske jounen" hwet mei to boartsjen. It is ünder 'e heidens net iens wizansje det men heineballet mei de deadshollen fen pake en beppe en heit en mem\

By alle frijens, dy't ik dos de Friezen jow, om mei it Frysk, det döchs ek myn Frysk mei is, to dwaen sa't hjar goedtinkt, hald ik lykwols ien ding oan my: it rjucht om skieik op 'e algemiene gear