is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Boerefeinten prate yet fen hjar faem; in oar scille wy yn üs skriften frij jaen om „myn maisje" to sizzen, as er fen 'e klaei, en „myn meesje" as er üt 'e Walden fendinne is.

Einütstellen: 1°. Dizze wirden en in hiel restje oare, al oernomd ef Ijeafst in bytsje gau oer to nimmen, scille meiïnoar hjitte: itnijfrysk. 2°. As boerearbeiders en oare hiemfêste ljue yn hjar ienfaldigens faeks ris in ald wird brüke mochten, scil men det dea neame en fen 'e earmen ünder ierde skikke. It lyk skögje hoeft net; de ljue dy't it to sizzen ha, leauwe yen sa wol. 3°. It scil fierders forbean wêze, dy liken wer op to graven en der op in „fryske joun" ef as men mei „in man fen 't Frysk" praet, mei to pronkjen en om to boartsjen. Dizze utstellen tsjinje just om in ein to meitsjen oan 'e slimste sportfriezerij yn Fryslan.

Ik wit wol det it mei gekheitmeitsjen en spotten net to heljen is. Mar men scoene der sims al apen mei fange, sa mal as in hopen it

dogge. En for sokken mocht myn spot ris in goede spegel wêze.

•••

Net allinne oan 't brüken fen echt-fryske wirden by bisündere gelegenheden lit it sportfriezendom him kenne. Ek oan it frysker as frysk wêze wollen. Dêr scil 'k ris in pear stealtsjes fen oanhelje.

Ik kaem lêstendeis in man tsjin, dy't al syn libben Frysk praten hat sa by de dei lans. Mar by syn wirk komt al folie it Hollansk to pas, krektlyk as by mines It kaem sa to praet oer in gefal det wy de wyks to foaren beide mei bilibbe hiene en do't de man dêr syn bitinken oer sein hie, frege er:

„En hwet ynprinting makke it op jo ?"

Dyselde man brocht in boek, det er to Hen hawn hie, werom mei de wirden: „Yn tank tobek!"

Dy bangens om yn 't Frysk in wird to brüken det nei in Hollansk aerdet, ha wy slim hiem. En döchs komt der üs faek sa'n wird foar 'e müle, om't wy de sinnen gau ris op syn Hollansk opsette. Salang as wy 't ha oer dingen üt üs fryske hüshalding, skikt it yet wol, mar