is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as wy oer dingen bigjinne dy't oars meastal yn 't Hollansk bispritsen en biskreaun wirde, is 't mis. Dy't den dy bangens — det is eigentlik: de sportfries yn him — baes lit, bigjint letterlik to fortalen en det jowt in frjemde .... ynprinting. It giet yen den krekt as de jonge Süd-Afrikaenske Boeren, dy't foar 'e oarloch neat mear fen 't Hollansk witte woene, mar nou wol wer, en dêr't it ferske fen klaget:

„Engels denke, Hollans prate,

Met vertale kom al an!"

„Skriuw sast' praetst!" is tsjinwirdich de leuze. Ja, — en praet sast' tinkst! scoe ik de Friezen taroppe wolle.

Earst yn frjemde foegen sette

Hwet men sizze scil En den wird for wird forfryskje,

Det's gjin suver spil.

Mei sa'n tael hat elk de gek, —

Praet sast' tinkste, yn dit stik ek!

Moast dy man fen 'e ynprinting den mar Hollansk praet ha? Ei né! Hwent hy tinkt net yn 't Hollansk, det dogge de measte Friezen yn Fryslan gelokkich yet net. Om det to kinnen moat men al gans lang yn Hollan tahalden ha, en as men der net tige jong hinnegien is, scil 't yet wol spanne det men it sa fier bringt. Mar hy joech oan dizze sin al in Hollanske boutrant; hy tocht: „Hwet yndruk makke it op jo" en nou't him det ienkear sa yn 'e müle laei, hie't der nei myn sin ek mar sa utkomme moatten.

Ik scil de léste wêze om dy frjemde sinbou foar to stean en ik leau det men der seis in bulte mei oan dwaen kin om goede fryske sinnen to foarmjen. Mar as men ienkear de sin sa frjemd rémakke hat, den him net wanlüdiger meitsje as er al is, mei dy rare purismen, 't Is folie better, de krêft dy't men op sa'n wize mei 't forfryskjen (?) fen wirden formoezzet, to brüken om yen-seis to forfryskjen. Hat immen yn Swanneblommen for 1835 üs det net ris op üs brea jown? Hy sei: