Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

ek Frysk prate, dy kriget in drankje to-jow! — mar ek ünder 'e „lytse boargerije," ünder 'e ljue, dy't sahwet twisken hingen en wierjen binne. Ik wit wol, by sokken wirdt yet al folie Frysk praet yn 'e hüs, mar freegje net, hoffer sims. Hja brüke ho langer ho mear hollanske en heal-hollanske wirden. Det haldt lang net op mei fader en moeke en de oare famylje. Sjuch, det in kakstoel njunkelytsen in tafelstoel wirden is, kin 'k my yet bigripe, mar hwet dogge wy mei handskoenen for wanten, skorten for skerldoeken, morgenjaponnen for moarnsjurken ef japen, seil for swilk, en al sok rêdding mear? Der wolle my nou net mear foarbylden yn 't sin komme, mar elk wit wol det de skiteldeftigens it yet folie fierder brocht hat yn 'tskouderjen fen echte fryske wirden, en det ik se by 't skepnetsjefol fine scoe as ik de tiid der for naem.

Det wy wirden ha as skeurkalender....

It ding hinget hjy- flak foar my en op it skyld stiet: „Fryske skoeralmenak". Hwa hat det er op set? Hat Walino Dykstra syn eagen dêr wol oer gean litten, ear't de utjower it bistelde by de stiendrukker? Ik leau for 't neist fen net; dy scoe der wol om tocht ha det almenak yn 't Frysk ünsidich is.

Det wy sokke wirden as skeurkalender ha, dêr is neat oan to foroarjen. Mei in ünfryske saek nimt men meastentiids ek de ünfryske namme oer. Yn oare talen giet det krekt allyk. En rri£n kin der wol in frysk wird for bitinke en det yn 'e omgong bringe wolle, mar it is al in treffer as soks yen slagget. Skoeralmenak b.g. bliuwt in dea wird, en sa scil 't ek wol gean mei rydwiele, brievesekje ef slufke en mear sokke. Lykwols scil ik net graech sizze det men dit soarte pyrismen net skriuwe mei. As ik niis-krektsa stienprinter set hie, hwerom net? Inkeld komt men wol ris ta yens wyt

As ik in hopen Fryske adressen sjuch, tink ik ek oan sportfriezerij. Sa bryk as de man, dy't immen mei in hanfet foar syn namme

biskreau mei: „Oan 'e Wol Eale, Sear Learde Hear Dr ", stelle

se it allegearre net üt, mar is „Rjue Eabele" en „Rjue Eabele, Tige learde" folie better? Och, ik ha der ek wol mei pield, en siker, al

Sluiten