is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mei sport friezen ha 'k gjin nochtsi ik jende Friezen bidoeld. Alle Friezen dy't nocht en wille siikje, binne dêrom yet gjin sportfriezen, en alle sportfriezen binne dêrom yet gjin güds, dy't it libben fen 'e luftige kant nimme Dy't it drankje net yn ien twa swolgen ynnomd hat, mar b.g. om 't ure in leppelfol, sa't it heart, scil det ek wol field ha. Der hjir neijer tekst en ütlech fen to jaen, dêr sjuch 'k tsjin oan; ik scoe it selde yet'ris sizze moatte mei oare wirden en den joech it faeks noch neat Heale ynnimmers dêr binne gjin krüden for woechsen.

Bliuwt: it ünfrysk gearlapsel.

Det ik-sels ek net sa fier foartrin mei it wird sportfriezendom, ha 'k foart al sein oan 't bigjin fen it drankje dêr't it boppe stiet. Mar sport is ien fen 'e Ingelske wirden dy't hast de hiele wrald oerwaeije en oeral hingjen bliuwe, om't se ünfortaelber binne en it folk der gjin nij wird for makket. De hollanske litteratuer hat it allang bihannele as in hollansk wird ; de fryske scil 't as in frysk brüke moatte, graech ef net graech.

Ja, ryk is 't Frysk! gryp mar yn 't roun mar wy moatte

nou net tinke det it Frysk for alles wirden hat, hwent den ha wy 't fier mis. Det hat gjin ien tael.

De measte fryske skriuwers habbe altyd in tigen war dien om it Frysk „suver" to halden. Det wier oars ek bést, mar 't is faek mei ünforstan gien. Elk wird en elke lettergreep moast mar frysk wêze, — en sa kamen der nou krekt ünfryske gearlapsels!

In foarbyld:

„Witt' jy gjin better frysk wird for tentoonstelling as tentoonstelling?" frege my hjoed in lettersetter. „It skilt forjaenmy mar ien letter!"

— „Né," sei 'k. „En sa is 't goed Frysk."

„Nou, my tinkt fen net. As jy der ris tokykstalling fen makken?"

Ik woe der net oan en sa scil dy tokykstalling dos net tokykstald wirde. 't Wird is oars ek al net gekker as de measten fen det slach, dy't al yn üs fryske skriften tokykstald binne.

Fryske skriuwers, (de bésten,) dy't it forkearde fen sok forfryskjen wol fiele, forfalle ornaris wer yn in oar uterste. Hja doare net fen