is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

wier by aids ek dreech, dreach, drach. (Forgelykje: de ierpels dreagje; heech en dreech sitte.) En it U, Uy yn Utrecht, ef sa't men aldtiids skreau: Uytrecht, scoe det net it selde wêze as it fryske le (ta Ee forhollanske), it hollanske Y (foar Amsterdam), it saksyske A, det wetter bitsjut en faeks ek wol ien en 't selde is as it franske eau?

Uitert (en as Walino Dykstra gelyk hat det men hjir yn Fryslan by aids Utert sei, den dit wird ek) is in forbastering fen Uytrecht, en oars neat. Det, as 't der om gyng om de aldste foarm fen in plaknamme to skriuwen (dy wei liket Dykstra hast üt to wollen) den wier men mei Utert döchs ommers al wer yn 'e heinste keap!

Letter krige 'k fen 'e brieveskriuwer üt Utrecht yet in brievekaert oer 'e saek, en dêr stie dit op to lézen:

„Eabele frjeon! Yn Algemeene Geschiedenis van Friesland, door H. W. Steenstra, stiet op blêdside 147 2üe d. dizze oan'„teikeninge: Anno MCCCXLV. Is Willem de nyvggentheinde „Greef ven Hollant, ven dy Sted ven Wtert comm mey woll 85 „oft 86 tuysent man, en hat der woll 6 Wyke voorleid, der ney „isser mey dy selle hoop wur comm in Vriesland ende hat t' eerst "„gea oon brand stitsen; dit sjaende dat de Friasche heer, deer „boppe yen, naet thin jaerr tuae wier, is de Hertoch heerlyek to „myette tein, en habbe him slach haden ven da ire mom aef, ta „dy lette joun, en wy habbe d' uurhaand crigge, en hem selfs „mey daet, dir volle greate Heeren onder uiren.

„Nou freegje ik jo: hat men rjucht om Utert to skriuwen, „ja efte né?"

De bidoeling fen 'e léste frage is fensels: biwiist dizze oanteikening net, det men, do't dy skreaun waerd, yn Fryslan Utert sei? En den siz ik: né. Ut it alde Frysk det yn skrift biwarre bleaun is, is net folie to biwizen yn dit stik fen saken. Wy ha't wolris oer suverens fen tael. Nou, dy moat men yn dy stikken net siikje. De ljue dy't do skriuwe koene, wierne al folie guds dy't mear fen 'e wrald sjoen hiene as Fryslan; sims hiene se tiden en tiden yn frjemde lannen forkeard. Det se sadwaende gans frjemde wirden oanhellen, kin men fen tinken wol ha. Hjar tael yn dy skriften is sims in griemmank fen 'k wit net hofolle talen en tongslaggen.