is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dy't mei de boppesteande oanteikening yn 'e han oan 'tbiwizen gean wol, kin ek wol üthalde det de Friezen do hoop

seine, gjin heap en det it goede alde Fryske wird dos ein-

liks hoop is. De wierheit scil wol wêze det de man dy't de oanteikening skreau, do al in slach mei de hollanske moalpüde hawn hie.

Der is dos net folie biwiis üt sokke alde skriften to heljen, hwet taelsuverens oanbilanget. Bütendet, it komt der ommers ek net op oan, ho't üs foarfears de alde biskopsstêd neamden. Hjoed de dei sizze wy Utrecht, inkelden dy't mei foarbitinken Utert sizze, der buten litten.

In oare frjeon, dy't my ek om myn „Utrecht" yn 'e bügen roan, en dy't plaenüt sei, det er alle plaknammen sa nei as 't koe forfryske ha woe, skreau ik werom: „Jy skriuwe Amsterrfa/n, Rotterdam; skriuw den nou neitiid Amsterdam,Rotterdam." Ik krige foart de boade werom: „Jy ha gelyk; ik scil 't dwaen." Dit is nou tominsten gjin kwelsgean op twa tinkbylden; hjir stiet men lyk foar in fêst bitinken oer, det ek fêst trochset wirdt, moat ik sizze, al kin 'k it fensels mei dizze frjeon ek lang net lyk fine.

Men scil wol bigripe, tink 'k, det it yn dit diel fen myn drankje myn doel net west hat om krekt tsjin dy trije plaknammen dy't ik neamd ha, yn to gean. Né, it wier my mear to rédden om de miening, det in wird ef in namme yn 't Frysk foaral oars wêze moat as yn 't Hollansk, der üt to krljen. Ik hald üt, det dy der tige ynsit, — en det üs letterkinde der neat fen bidljt.

1907.

Ut Amsterdam krige ik ek in brief oer it sportfriezendrankje. Tige aerdich en alles op rym:

Sportfriezen neame jy üs, Jan!

Hwerom? det wol ik wol ris witte.

Om't wy, yn 't frjemde gea bilanne

Troch't thüs it havengat forsanne,

Us memmetael net farre litte?

Né, dêr net om. Mar ünder „wy" mei men hjir alle Friezen om utens al wer net rekkenje. De measten litte hjar tael al farre, al binne se den faeks lid fen in selskip. En ik ha ek biredenearre det